Presintaasje ‘Stroomopwaarts’ yn Museum Belvédère

maaie 17, 2022 08:40 Fernijd

Koartlyn is de nije presintaasje Stroomopwaarts yn de westfleugel fan Museum Belvédère yn Oranjewâld iepene. De útstalling is oant en mei 25 septimber yn acht kabinetten te sjen.

Gerrit Benner ‘Landschap met rode zon’ (foto: Museum Belvédère)

Yn de eksposysje presintearret Museum Belvédère keunst dy’t, op hokker wize dan ek, nei it lânskip tusken de leechfeansompen De Deelen en de rivier De Tsjonger ferwiist. Oan ’e wand en op ’e flier is wurk te sjen fan û.o. Coen Vunderink, Eric Beets, Dick van Arkel, Christiaan Kuitwaard, Sjoerd de Vries, Ids Willemsma, Jet van Oosten, Françoise Stoop, Ronald Zuurmond, Dineke Oosting en oaren. Fansels ûntbrekke ek Jan Mankes en Gerrit Benner net.

Merijn Vrij (boarne: Museum Belvédère)

Merijn Vrij
Dêrneist spilet Stroomopwaarts him de kommende tiid ek bûten it museum ôf. Foar it keunstnersprojekt dat oan de útstalling ferbûn is, makket lânskipskeunstner Merijn Vrij  de kommende moanne in nij wurk op basis fan it lânskip. Hy prate mei Han Steenbruggen, de ynhâldlik direkteur fan Museum Belvédère, ferkende de omkriten fan it museum mei meiwurkers fan Steatsboskbehear en gie mei in boskwachter De Deelen yn, op in boat. Alle yndrukken ferwurket er yn in ynstallaasje dy’t op snein 29 maaie ôf wêze sil.

Klik hjir foar mear ynformaasje.

Museum beheind tagonklik
Fan 16 o/m 25 maaie is allinnich de westfleugel fan it museum te besytsjen en jildt in redusearre taryf. Dat fanwege de opbou fan de grutte ynternasjonale simmerútstalling Living the Landscape. De haadseal is dan ticht, mar njonken de presintaasje Stroomopwaarts is ek de eksposysje oer Jeanne Bieruma Oosting te besjen.

maaie 17, 2022 08:40 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.