Presintaasje dichtbondel Tsjisse Hettema en Aafje Bouwer
Resint ferskynd
Op sneon 21 maaie wurdt de dichtbondel Hewwy dát op it âlde stedhûs fan Frjentsjer presintearre. Fryske en Stellingwerfske poëzy fan dichter Tsjisse Hettema (Bitgum, 1955-Frjentsjer, 2021) mei filtwurk fan Aafje Bouwer. De bondel ferskynt postúm by útjouwerij Frysk en Frij. Foarich jier july ferstoar Tsjisse Hettema hommels.

Tsjisse Hettema (boarne: Rixt)

Boarne: Frysk en Frij
Hewwy dát is Tsjisse Hettema syn fjirde dichtbondel. Hy debutearre yn 1996 mei de bondel Tsi Tsi. Dêrnei folgen It eachweid fan de simpele rider (1999) en Heehoo heeho de leafde is as de mage fan in ko (2015). Hettema wie tige aktyf belutsen by dichterskollektyf RIXT en wie dêr ek in pear kear Dichter fan de Moanne. Hettema syn gedichten tsjûgje fan syn orizjinele persoanlikheid. Hy brûkt oarspronklike bylden en eigensinnige taalkonstruksjes. Syn poëzy is út it hert en it persoanlik belibjen wei skreaun.
By de presintaasje sille ferskate Fryske dichters út Hewwy dát foardrage. Muzyk is der fan Goed MISS en Yellow Hammer. Yn it âlde stedhûs fan Frjentsjer is boppedat in útstalling fan filtwurk fan Aafje Bouwer, yn kombinaasje mei Hettema syn gedichten. Yn de midsiuske kelder fan it stedhûs is in útstalling fan de famyljeskiednis fan de Hettema’s.
Lokaasje: Stedhûs Frjentsjer, Raadhuisplein 1
Datum: sneon 21 maaie 2022
Tiid: 11.30 – 12.15 (ynrin 11.00) – dêrnei praterij en útpraterij
Tagong: fergees, wol oanmelde
Oanmelde by útjouwerij Frysk en Frij: post@frysk-en-frij.nl.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje