Premjêre komposysje Martin Fondse by CityProms yn Ljouwert
Resint ferskynd
Martin Fondse, ‘Componist des Vaderlands’, skriuwt foar alle muzikanten yn Nederlân de komposysje All together now. De premjêre is op snein 26 juny op it CityProms Festival yn Ljouwert, dêr’t it stik op it Saailân troch orkesten, koaren, musisy en sjongers út Grinslân, Drinte en Fryslân útfierd wurdt.

CityProms yn Ljouwert (foto: ©Ruben van Vliet)
All together now is in eigentiidske komposysje fan in oere mei in mjuks fan stilen, sjenres en kleuren. Mei de komposysje, dy’t by de ferskate opfieringen troch it lân hieltyd in oare ferskiningsfoarm kriget, wol Martin Fondse minsken byinoar bringe en hearre litte dat hjoeddeiske muzyk ynklusyf is, foar elkenien yn de mienskip tagonklik.
By syn oantreden as Komponist fan Nederlân spruts Fondse as wichtichste winsk en foarnimmen út om alle tolve provinsjes te besytsjen en mei-inoar te ferbinen. De kommende twa jier reizget er dêrom mei de komposysje All together now troch it lân en lit er it fjouwer kear útfiere, yn it noarden, suden, westen en midden fan Nederlân. De ôftraap is 26 juny op it CityProms Festival (@cityproms) yn Ljouwert, dêr’t de fokus, passend by it sterke noardlike gefoel fan mienskip en naoberschap, op gearwurking mei lokale mienskippen leit. Orkesten, koaren, musisy en sjongers út Grinslân, Drinte en Fryslân fiere, mei Fondse, de komposysje út. Mei it grutte dielnimmersfjild wol Fondse ek it ferskaat fan de Noard-Nederlânske kultuer sjen litte.
Yn ’e twadde helte fan 2022 folget it suden fan it lân – Noard-Brabân, Limburch en Gelderlân – dêr’t by de útfiering de fokus komt te lizzen op hjoeddeisk nij wurk. Yn 2023 folgje it westen fan it lân (Seelân, Súd- en Noard-Hollân) mei de klam op jazz en Midden-Nederlân (Flevolân, Oerisel en Utert) mei muzyk út alle hoeken fan ’e wrâld.
Komponist fan Nederlân

Martin Fondse (boarne: The Publicity Company)
Pianist, fibrandoneonist, komponist, arranzjeur, mentor, orkestlieder en dirigint Martin Fondse is de fjirde ‘Componist des Vaderlands’, nei Willem Jeths, Mayke Nas en Calliope Tsoupaki. Buma Cultuur naam dêr it inisjatyf ta om it muzyklibben in boechbyld te jaan foar eigentiidske Nederlânske muzyk. Twa jier lang sil Fondse mei eigen komposysjes ynspylje op aktuele ûntwikkelingen yn ’e maatskippij. Dêrneist komt er as ambassadeur op foar it belang fan minsken dy’t har mei muzyk dwaande hâlde, fan komponisten en musisy oant dosinten.
Sjoch op de websiden Martin Fondse en Componist des Vaderlands foar mear ynformaasje.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje