Pop-upkasten fan it Natuermuseum

maaie 19, 2022 08:35 Fernijd

Twa pop-upmuseumkasten, yn de foarm fan it logo, jouwe ynsjoch yn de presintaasjes en kolleksje fan it Natuermuseum Fryslân. Beide kasten hawwe as tema de ûnderwetterwrâld, dêr’t ek de UnderWetterSafary by oan bod komt.

Boarne: Natuermuseum Fryslân

Oan ’e hân fan in digitaal makke âlde skoalprint is allerhanne ynformaasje te finen oer bisten yn en om de sleat. Foar lytse bern is der in blokpuzel en boppe yn de kast binne fjouwer fitrines ynrjochte as minydiorama mei in eigen kolleksje.

Ien fan de kasten stiet yn de sintrale hal by AquaZoo yn Ljouwert, de oare giet op toernee by ferskate fêstigingen fan dbieb del. Dêr wurde troch dbieb nijsgjirrige aktiviteiten foar bern organisearre, lykas it meitsjen fan in ljochtjaande kwal mei ledlampkes.

Boarne: Natuermuseum Fryslân

maaie 19, 2022 08:35 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.