Pier Bergsma: Noch in lange wei te gean

maaie 12, 2022 16:00

Op 28 april kaam der in tuskenrapportaazje oangeande de bestjoersôfspraken foar it Frysk. It stik is tige optimistysk fan toan. Dat optimisme wurdt spitigernoch net stipe troch de praktyk. Aanst in pear foarbylden.

Boarne: Burgum heeft meer

It parseberjocht fan de provinsje begjint sa: “De promoasje fan it Frysk giet as ôfpraat. Dy konklúzje kin lutsen wurde út it tuskenrapport dat it ministearje fan Ynlânske Saken en de provinsje Fryslân opsteld hawwe oer harren Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK). Dêryn hawwe se foar in perioade fan fiif jier ôfspraken makke oer hoe’t se it Frysk beskermje en befoarderje wolle. Der binne stappen nommen, benammen yn it Frysk ûnderwiis en op it mêd fan sichtberens fan de taal”.
It is in stik fan 17 siden sjoch: https://www.fryslan.frl/fy/mear-oandacht-foar-it-frysk

It is maklik om fan de sydline ôf krityk te hawwen en de stappen dy’t set binne en de goede bedoelingen yn in negatyf deiljocht te setten, mar de realiteit moat der net by út it each ferlern wurde. Hjirûnder in pear jammerdearlike foarbylden.

  1. It soe net mear as normaal wêze dat de ynformaasje oer it moaie en nijsgjirrige kultuerprojekt ‘Arcadia 2022’ ek folslein yn it Frysk beskikber is. It bliuwt by wat geveltsje-Frysk. Wy hawwe it hjir wol oer in projekt dêr’t de provinsje in soad jild yn stutsen hat.
  2. Tydskrift De Moanne kaam yn april mei in nûmer foar bern De nije Moanne. Fan de 52 siden binne der 11 yn it Frysk. Hjir ek in soad subsydzje, mar blykber gjin betingsten oangeande de taal. It ‘gewoane’ febrewarisnûmer hie ek minder as de helte Frysktalige siden.
  3. De Ried hat mear as ien kear oerlis hân mei de rjochtbank yn Ljouwert om wat te dwaan oan de sichtberens fan it Frysk. Wy binne ûndertusken trije jier letter nei de earste kontakten. It skynt no safier te wêzen, dat der in nulmjitting komme moat om der wat oan te dwaan.
  4. Der binne wat langer wat mear doarpen dy’t har ferliede litte om in reklameútjefte te fersprieden. Sa krigen wy yn Hurdegaryp ‘Burgum heeft meer’ troch de doar. Yn in hûnderttal siden presintearret Burgum him mei advertinsjes en ferhalen oer bedriuwen en organisaasjes. Neffens boargemaster Jeroen Gebben: “Een geweldig uithangbord van gastvrij en ondernemend Burgum.” Yn de hiele útjefte gjin wurd Frysk, wylst fierwei it grutste part fan de befolking Frysktalich is.
  5. Om by Burgum te bliuwen: de gemeente Tytsjerksteradiel hat al jierren in taalbelied foar it Frysk mei dizze moaie tekst:

Frysk taalbelied

It jout fertrouwen om jinsels uterje te kinnen yn jins memmetaal, boppedat soarget taal ek foar (fer)bining tusken minsken ûnderling. Wy binne ús bewust fan ús foarbyldfunksje en litte oan ús ynwenners sjen dat der yn ús gemeente sawol Frysk as Nederlânsk sprutsen en skreaun wurde kin. Wêr mooglik besykje wy de sichtberens fan it Frysk te fergrutsjen en it draachflak te ferbreedzjen. De algemiene doelstelling fan ús Frysk taalbelied is: ‘It kreëarjen fan rânebetingsten foar it behâld en fuortsterkjen fan de Fryske taal.’ Dêrby jildt it útgongspunt dat de ynwenners fan ús gemeente harren eigen taal brûke kinne om harren fragen te stellen en harren winsken dúdlik te meitsjen. Frije taalkar en respekt foar dizze kar is ús útgongspunt.”

It soe gjin inkelde muoite kostje om mei tal oare foarbylden te kommen dat it der op papier fan it ryk, de provinsje en de gemeenten goed útsjocht, mar it soe better wêze om ris in buordsje mei it sprekwurd “It is mei sizzen net te dwaan” om wat nekken fan bestjoerders te hingjen.

maaie 12, 2022 16:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Frâns Kuipers jannewaris 30, 16:36

    Pier, it probleem is dat de measte ynwenners fan de Fryske doarpen net goed Frysk lêze kinne, lit stean fan skriuwe. Dus is it lêzen fan Hollânsktalige stikken makliker en tagonkliker. Alteast, sa wurdt dit by ús yn Achtkarspelen ‘ferkocht’. Boppedat komme der stadichoan mear allochtoanen, ymmigranten nei Fryslân om de wenjen en te wurkjen en wêrfan de bern nei skoalle geane. Dizze nije ynwenners hawwe al in protte muoite om it Nederlânsk ferstean en prate te kinnen. Bliuwt dus oars neat oer op termyn dat it Frysk hingjen bliuwt yn literêre teksten, gedichten, toaniel ensafierder. It is net oars, bin ik bang. It ienige wat oerbliuwt is dat it Frysk yn it ûnderwiis in better plak kriget. Om soks te skewielen binne de learkrêften nedich dy’t it Frysk behearskje en jaan wolle of kinne. Om soks fan de grûn te krijen soene learkrêften mei it foech Frysk twa  leanskalen heger útbetelle krije moatte. It is noch altyd sa Pier: Jild stjoert de mienskip, mar gjin jild ek trouwens, mar dan de ferkearde kant út …

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.