Pier Bergsma: Lit God Him wiswier ferbidde ?

maaie 19, 2022 11:31

Titus Brandsma yn 1932. Foto: makker ûnbekend; boarne Wikimedia Commons. (Publyk domein)

Kollum

Hawwe wy krekt de koroana-ellinde efter de rêch, dêr’t guon healwizen ûnsinnige dingen oer ferkundigen sûnder ien inkelde wittenskiplike ûnderbou, lês ik no dat kristlik psycho-onkolooch Hans Schilder út Sint-Nyk beweart dat in sike troch it bidden genêze kin (LC 13 maaie “‘Wonderbaarlijke genezingen ’God laat zich verbidden’ “). Hoewol, jierrenlang sjonge de Ingelsken “God save the queen”. Dat moat in geunstich effekt hawwe op keninginne Elizabeth, dy’t al 96 jier âld is. Dat kaam my yn ‘t sin doe’t ik dat aparte artikel oer gebedsgenêzing lies. Soe gebed dan dochs ynfloed hawwe op it ferrin fan in sykte?

Dat minsken op in wûnderlike wize genêze, dêr binne foarbylden fan. Dat komt om’t sykten en kwalen rûchwei yn trije groepen ferdield wurde kinne. Jo hawwe fysyk of geastlik ûngemak dat net oer giet. Jo moatte leare om dermei te libjen en yn it slimste gefal sil it jo dea wurde. Dan binne der kwalen dêr’t in dokter by helpe kin, bygelyks by in brutsen skonk. Dy pasjinten komme net by Hans Schilder. De lêste groep bestiet út minsken fan wa’t de kwaal of sykte sûnder yngripen ferdwynt. It liket my wis dat guon minsken nei in gebed genêze, mar net troch te bidden. Wat dy pear wûnderlike genêzingen oanbelanget, folle mear minsken wurde op wûnderlike wize siik of gean op wûnderlike wize dea.

It seit himsels dat in krante in breed skala oan mieningen en ideeën presintearret, ek al slane se soms as in tange op in baarch. Gewoanwei wurde sokke ideeën net tsjinsprutsen. Wêrom soest. Dan kinst wol oan ’e gong bliuwe. Mar dizze ûnsin fan Hans Schilder mei net sûnder tsjinsprekken bliuwe. Hy ferkundiget dat der in hegere macht is dy’t besluten nimt oer ús minsklik libben. Hy stiet net allinnich mei dat idee. Der binne minsken, benammen yn religieuze rûnten dy’t dêrfan oertsjûge binne. Dat is spitich, want it hat gjin inkelde basis en laat ta frjemde dingen.

Dat in beaken fan frede, moed en gerjochtichheid as Titus Brandsma allinnich hillich ferklearre wurde koe troch ‘it bewiis fan in wûnder’ is in skande

Myn frou en ik wiene ienris yn Lourdes by sa’n gebedstsjinst. Wy fûnen it in beskamsume en jammerdearlike gearkomste. Wittenskiplik ûndersyk oft it leauwen kanker genêze kin, hat neat opsmiten en it yn fromme Amearika fielden minsken dy’t wisten dat der oermjittich foar harren bidden waard, har beroerder dan dyjingen dêr‘t net foar bidden waard: “Want as allinne God jo noch rêde kin, jou dan de moed mar op.”

Dat in beaken fan frede, moed en gerjochtichheid as Titus Brandsma allinnich hillich ferklearre wurde koe troch ‘it bewiis fan in wûnder’ is in skande. Mar wat kinne wy ​​oars ferwachtsje fan de roomsk-katolike tsjerke dy’t yn in protte opsichten noch in midsiuwske en efterlike organisaasje is, dêr’t âlde manlju foar master opslagge.

Boppedat is it leauwen yn wûnders net beheind ta religy. Wy witte noch fan tsjoenster Jomanda mei de dramatyske gefolgen foar Sylvia Millecam, dy’t it mei de dea betelje moast foar har brek oan leauwen yn de medyske wittenskip. Ta beslút: dy hat ek net oeral in antwurd op, mar dat safolle minsken genêze troch harren kennis en wittenskip, der is gjin wûnder of gebed foar nedich.

De Nederlânsktalige ferzje fan dit stik stie tiisdei 17 maaie yn de Ljouwerter Krante.
Pier Bergsma wennet yn Hurdegaryp en is lid fan de feriening Skepsis.

 

maaie 19, 2022 11:31
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. sybren maaie 23, 13:17

    Godstsjinst is as sadanch in Placebo

  2. Eric Hoekstra maaie 24, 12:57

    According to 100 Years of Nobel Prizes a review of Nobel prizes award between 1901 and 2000 reveals that (65.4%) of Nobel Prizes Laureates, have identified Christianity in its various forms as their religious preference.
    Overall, Christians have won a total of 78.3% of all the Nobel Prizes in Peace, 72.5% in Chemistry, 65.3% in Physics, 62% in Medicine, 54% in Economics and 49.5% of all Literature awards.
    According to study that done by University of Nebraska–Lincoln in 1998 found that 60% of Nobel prize laureates in physics from 1901 to 1990 had a Christian background
    According of Scientific Elite: Nobel Laureates in the United State by Harriet Zuckerman, a review of American Nobel prizes winners awarded between 1901 and 1972, 72% of American Nobel Prize Laureates, have identified from Protestant background. Overall, Protestant have won a total of 84.2% of all the American Nobel Prizes in Chemistry, 60% in Medicine, 58.6% in Physics, between 1901 and 1972.
    (source: https://commons.wikimedia.org/wiki/File:Christian_Nobel_laureates_collage.jpg)

  3. Pier Bergsma maaie 25, 10:12

    Bêste Eric,

    Ik begryp net wat dizze ynformaasje fan dy te krijen hat mei myn krityk op de roomske tsjerke dat se dit foarbyld foar ús, dizze Titus Brandsma, allinne hillich ferkleraje meie at der in bewiis fan in wûnder is.

    Mie freonliek groetnis,

    Pier Bergsma

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.