‘Paradys: vijftien kunstenaars over macht en maakbaarheid’
Resint ferskynd

Boarne: Noordboek
De minske hat altyd al nei it paradys stribbe. Meastal bliuwt it by in idee, in langstme nei in perfekte wrâld. Dochs kamen de Fryske Nassaus der mei harren Oranjewâld eartiids ferrassend tichtby. Noch hieltyd is dat bûtenplak in oaze fan grien, harten en tiidleazens.
Mar falt sa’n paradys tsjintwurdich wol te hanthavenjen? Hoefolle ynfloed hat de minske op it wêzen fan de wrâld? Foar de útstalling Paradys – yn 2022 te sjen yn Oranjewâld – frege artistyk lieder Hans den Hartog Jager fyftjin keunstners om sawol te reflektearjen op de paradyslike omjouwing fan de eardere lustoarde as op de rike skiednis fol machtsûngelikensens.
De artistike resultaten en de efterlizzende prosessen binne bondele yn it boek Paradys. Yn prikeljende essees en ferdjipjende bydragen ûntdekt men hoe’t de fyftjin bysûndere keunstwurken ta stân kamen. Sa biede boek en útstalling net inkeld nije perspektiven op it al besteande paradys, mar ek op it iwige minsklik stribjen nei de himel op ierde.
Paradys: vijftien kunstenaars over macht en maakbaarheid | Grytsje Klijnstra (red.), Esther Darley, Hans den Hartog Jager, Thomas van Huut, Bert Looper | ISBN 978 90 561 5933 7 | Hurde omkaft | 152 siden | ferkeappriis € 24,95 | Ferskynt 9 maaie by Noordboek
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje