Opfrysker

maaie 19, 2022 07:00 Fernijd

Resint ferskynd

maaie 19, 2022 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Henk maaie 19, 15:57

    ‘Gegeven’ en ‘feit’ binne allebeide lienwurden út it Nederlânsk. Yn dy taal binne it ek wer ûntlieningen. ‘Gegeven’ is in lienoeretting fan it Latynske ‘datum’ (dat wy no allinnich yn it meartal as ‘data’ mear brûke) en ‘feit’ is it Frânske ‘fait’, dat yn de útspraak wat ferhollânske is.

    Oft it iene no better Frysk is as it oare, dêr kin mer oer redendiele. It WFT jout by ‘gegeven’ noch wol it label ‘hollandisme’, dat kin in reden wêze om dat wurd net te brûken. It nijere Frysker brûkt dat label net mear en ‘gegeven’ stiet ek sûnder kommentaar yn de Foarkarswurdlist.

    ‘Gegeven’ kin men noch wol frij dúdlik as in Nederlânsk lienwurd, dat kin in reden wêze om it te mijen, mar itselde jildt foar ‘fergees’ en dat liket as alternatyf foar ‘gratis’ no krekt koestere te wurden.

    Yn it Nederlânsk is de wurdgroep ‘het feit dat’ – en wat minder sterk ‘het gegeven dat’ ek – oan it grammatikalisearjen. Der wurdt yn dy wurdgroep net mear oer in fêststeande wierheid praat, mar de wurdgroep wurdt brûkt as ynlieding op in bysin. Yn it Frysk (en Nederlânsk) brûke wy dêr fanâlds in foarnamwurdlik bywurd foar. Dat heart noch altyd in stik minder stiif: “Wy sitte der no ienkear mei dat de ierde opwaarmet”.

    Fierder hat it Frysk foar ‘Dat is in feit’ it taaleigene ‘Dat is in ding’. Wat minder wurdlik oersette kin ek: ‘Dat mist net’, ‘Dêr is gjin mis op’, ‘Dat is dúdlik’, ‘Dat is wis’, ‘Dat is bûten twivel/kiif’, ‘In wierheid as in ko’, ‘Dat stiet fêst’, ‘Dat is in útmakke saak’.

  2. Ed maaie 23, 12:47

    Allegear tige nijsgjirrige opmerkings oangeande it wurdpear ‘gegeven/feit’. It brûken fan lienwurden is it probleem net, mar by it opnimmen fan in lienwurd yn it Frysk wurdt sa’n wurd ornaris op alle mooglike wizen oan it Frysk oanpast (net allinnich fonologysk, tink my). Gegeven is in mulwurd (brûkt as haadwurd) en dan docht it begjin (ge-) ûnfrysk oan. Der folget wer in g, fan ‘geven’, en dêr hat it Frysk ‘jaan’ foar mei in j. In lienoersetting wurdt dus in probleem: de mooglikheid fan ‘it jûne’ past fansels net.
    Dat binne reden om ‘gegeven’ safolle as mooglik te mijen.
    Mar it bliuwt dochs problematyks. Wat moatte wy oan mei wurden lykas ‘persoansgegevens’, ‘adresgegevens’ ensfh.?
    Dat binne wol feitlikheden, mar wy sille it gjin feiten neame. Wat in alternatyf wit, mei it sizze.
    De Opfrysker jout oan dat yn guon gefallen it brûken fan ‘feit’ foarkar fertsjinnet boppe dat fan ‘gegeven’.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.