De redaksje docht syn bêst alle presintearre feitlikheden te kontrolearjen, mar oanfurdiget gjin oanspraaklikens foar de krektens dêrfan. As yllústraasje by de artikels wurde ornaris ôfbyldings brûkt dy’t frij fan rjochten binne. De redaksje sjocht dêr sekuer op ta, lykwols is in fersin altyd mooglik. Wa’t mient dat syn of har rjochten skeind binne, wurdt fersocht kontakt mei ús op te nimmen. De oanbelangjende ôfbylding wurdt dan sa gau mooglik ferfongen. Op jildeasken wurdt net yngien.
Reaksjes fan lêzers wurde tige op priis steld. Eltsenien is útnoege bydragen ûnder de artikels te pleatsen. De redaksje hâldt him lykwols it rjocht foar om kommentaren fuort te heljen dy’t ûnfatsoenlik of min nei te kommen binne of net ta de saak dogge. Soks nei it betinken fan de redaksje. Dêr wurdt net oer korrespondearre.
It is tastien (parten fan) de artikels op dizze side oer te nimmen foar fierdere publikaasje op betingst dat: • De tekst net oerset wurdt yn in oare taal; • Altyd ItNijs.frl as boarnefermelding opnaam wurdt; • Op websiden boppedat in aktive trochkeppeling oanlein wurdt nei it oarspronklike artikel.
Yn opdracht fan de Ried fan de Fryske Beweging Makke troch DIGIJAHU
En is ‘sy’ eins wol Frysk? Moat dat net ‘hja’ wêze? Klaaifriezen brûke it net, mar Hylpers en Wâldsjers wol en de Dútske Friezen ek. Eerherstel foar HJA. (Wa betinkt in Frysk wurd foar ‘eerherstel’?)
De Dútske Friezen brûke oan ‘hja’ besibbe foarmen allinne yn it meartal. Foar de ferwizing nei ien frommeske of ien famke brûke se foarmen dy’t besibbe binne oan ‘hju’: Noard-Frysk (Mooring): ‘jü’, Sealterfrysk ‘ju’. Sa wurdt it foar de noardlike Wâlden ein 19e ieu ek noch beskreaun. Op ‘e Klaai is it systeem al earder feroare: by Gysbert Japiks fine wy it ientallige ‘hja’ al.
‘Sy’ en ‘sij’ binne no oars folslein akseptearre yn it Westerlauwersk Frysk, der is net in noarmmakker fan kwizekwânsje dy’t dêr mear brek oan sjocht.
Yn it Noard-Frysk fan Feer en Oomram binne it froulik en it ûnsidich slachte gearfallen, dêr wurdt foar it ientallige sy/hju/hja no it oarspronklik ûnsidige ‘hat’ brûkt.
Wauw! O sa nijsgjirrich Henk. Ik hâld graach fêst oan it fan en ta brûken fan ‘hja’, dat ik útsprek as ‘je’. Soe it dêrfan komme dat yn it ferline betizing ûntstie mei ‘jo’, dat ek yn ôfswakke foarm ‘je’ wurdt? En dan hast fansels ek it Hollânske ‘jij/je’. By Omrop Fryslân hearst faak sizzen: om sa let ‘kinje’ sjen, hieltyd dat ‘wojje en kinje’. Hiel plat en net moai. Haw ik alris in appke oer stjoerd. Groetenis
Folslein akseptearre, seiste. Krektlyk as al dy oare fergese, ûnnedige lienwurden? Is dát de noarm?
“Akseptearre” in lienwurd, “krekt” is in lienwurd, “fergees” is in lienwurd, “lienwurd” is in lienoersetting , “dat” is in lienwurd en “noarm” is in lienwurd. It Frysk sit der fol mei, krekt lykas it Hollânsk, it Dútsk, it Frânsk en it Ingelsk. Untlieningen binne (“binne” is ek in lienwurd) net te mijen en se hearre ek by de noarm. Wat de noarm foar it Frysk ek is, fynst him sa likernôch yn it learmateriaal (“materiaal” is ek in lienwurd) fan de Afûk en/of de learboeken foar op skoalle (“skoalle” is ek in lienwurd) en/of de wurdboeken en/of de wurdlisten fan de Fryske Akademy (“akademy” is ek in lienwurd). Dy binne it der allegear oer iens dat “sy” en “sij” prima (“prima” is ek in lienwurd) Frysk foarmje (“foarmje” is ek in lienwurd). Dat is wat (“wat” is ek in lienwurd) “folslein akseptearre” by my betsjut.
Hast dyn punt makke Henk. Echter fyn ik wol (Lykwols bin ik wol fan betinken), dat wy skoandere Fryske wurden hoedzje en noedzje moatte troch se foarrang te jaan yn ús taalgebrûk, dat se net yn it ferjit reitsje. No sa.