Omrop Fryslân twitteret yn it Hollânsk
Resint ferskynd
De ferhollânsking fan Omrop Fryslân giet fierder. Hjoed is it oars Frysktalige Twitter-kanaal @OmropNijs fan Omrop Fryslân ynienen Hollânsktalich woarn. De nijtsjes fan fan ‘e moarn binne noch yn it Frysk, dêrnei giet de fiertaal om nei Hollânsk.
Njonken it oars Frysktalige Twitter-kanaal hat Omrop Fryslân sûnt 2013 in Hollânsktalich kanaal @OmropFryslanNL. Dat jout no deselde nijtsjes wer, ek yn it Hollânsk.
De fanâlds prinsipieel Frysktalige moast de ôfrûne jierren ferskate kearen nei it Hollânsk omskeakelje by berjochtjouwing oer rampen. De Omrop waard dêr yn 2009 troch minister Plasterk ta ferplichte. It ynternetnijs wie yn it begjin allinnich yn it Frysk, mar wurdt de ôfrûne jierren ek yn it Hollânsk oerset. Yn de nije app is it Frysk net mear de standertopsje, mar kinne lêzers kieze yn hokker taal oft se lêze wolle. Yn de Frysktalige ferzje bliuwe Hollânsktalige sitaten yn it Hollânsk stean. Yn de Hollânsktalige ferzje wurde Fryske sitaten oerset nei it Hollânsk ta.
As jo lykwols Frysk ynstelle en op Twitter op it Hollânsktalige berjocht klikke, dan krije jo de Hollânsktalige ferzje derfoar en moatte jo op ‘e nij foar it Frysk kieze. It Frysk leit alles mei-inoar dúdlik oan it efterste oer.

It is no wer Frysk. Der is ek noch in @omropfryslan (mei benammen filmkes en waarplaatjes), dy is no noch Frysktalich, mar ik tink dat dy ynkoarten de Hollânsktalige ferzjy fan @omropnijs wurdt. Dan gean se kwa folgers flink omheech, fan san 3700 nei 27000. En dan dernei dy besykje út te wreidzjen. Dan kinne se letter wer sizze dat de Hollânsktalige ferzje mear folgers hat, en dat der mear Hollânsktalich artikels lêzen wurdt (troch dat dêrnei troch linked wurdt.
Eat om yn it snotsje te hâlden.
https://twitter.com/OmropSport is ynienen ek Hollânsktalich súnt 16 maaie. It earste artikel is dat der dingen feroare binne by de Omrop. Dat is dúdlik. It Frysk útfasearje, dat is it doel. Mear kliks nei it Hollânsktalige part fan de webside sadat de baas sizze kin dat it Frysk hast net lêzen wurdt, en like goed fuort kin.
De deastek foar it Frysk…sawol it lèzen as it skriuwen scil troch dizze neie fratsen efterût giselje