Oantins oan Aant Mulder (1945-2022)

maaie 24, 2022 08:10

Nei in slimme sykte stoar op 8 maaie 2022 Aant Mulder yn syn wenplak Balk. Foar my en foar in protte oaren wie hy ien fan de ikoanen yn de striid foar net allinnich goed Frysk ûnderwiis, mar ek foar oare kwestjes dy’t Fryslân en de Fryske taal oanbelangje.

Twa jier haw ik les fan him hân, winterdeis mei in groep kursisten yn Ljouwert, op in kursus fan de Afûk. It tema wie net grammatika, nije stavering of skriuwe, mar taal, skiednis en kultuer, dêr’t de earst neamde ûnderwerpen dúdlik ek yn op it aljemint kamen. It wie aardich dreech, benammen foar my, omdat ik net mei it Frysk grut wurden bin, mar wy sloegen ús der trochinne.

Aant wie ek aktyf yn de Ried fan de Fryske Beweging. Yn 2019 mocht ik mei yn in bus nei De Haach ta om dêr te pleitsjen foar ferbettering fan it ûnderwiis yn it Frysk op de skoallen en útwreiding fan it oantal leararen dy’t de taal master binne. Oerlis yn in gearkomste – earst mei Twadde Keamerleden, dêrnei mei minister Ollongren – joech ús yn it begjin fan de middei wat hoop dat ús missy fertuten dwaan soe, mar dat wie rap oer. It fjild fan sjerperichheid fan de polityk wie ús wol dúdlik. Skande.

Aant hold alle wiken op sneontemiddei in praatsje oer taal op Radio Spannenburch. Hy skreau net allinnich foar It Nijs, mar wie ek einredakteur fan De Nije. It is de muoite wurdich om de kollums op It Nijs noch wer ris op te sykjen en jin deroer te fernuverjen hoefolle oft er yn ’e rin fan de tiid skreaun hat. Underhâldend en tige learsum.

Skaaimerk fan Aant syn kollums: aktuele saken, meastentiids yn Fryslân, mar ek wol dêrbúten. In ynlieding, in stikje histoarje, syn miening en konklúzje mei tuskentroch in soad taaleigen yn de foarm fan útdrukkingen, siswizen ensafuorthinne en altyd wol mei wurdsjes as hawar, likegoed, tagelyk en no samar. In echte oanrieder is it om sa út en troch – of sa’t Aant sei: fan en ta – in stikje fan him te lêzen. Se binne maklik te finen troch yn it sykfinster ‘Aant Mulder’ te typen.

Matthijs Verkuijl

 

maaie 24, 2022 08:10
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. joute de graaf maaie 26, 21:30

    In moai stikje oer wa’t Aant Mulder wie. In oade oan him as betûft skriuwer en redakteur fan de NIJE. As ik myn bydragen ynlevere helle hy de foutjes der altyd út. Dan kaam er mei foarstellen om it wat oars yn te klaaien. Ek de taalflaters hie er samar te pakken. Ik mis him!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.