Nyk de Vries treedt op yn Estlân en Ierlân

maaie 11, 2022 09:16

Nyk de Vries (foto: ©Rogier Maaskant)

Dichter, skriuwer en muzikant Nyk de Vries is útnûge foar twa bûtenlânse literêre festivals, respektyflik yn Estlân en Ierlân. Fan 13 o/m 15 maaie is de eardere Dichter fan Fryslân te gast op it Prima Vista Literary Festival yn Tartu, dat krekt as Ljouwert de status fan UNESCO City of Literature hat. In pear dagen letter is er te gast yn Cork, op it Cork International Poetry Festival dat fan 18 o/m 21 maaie holden wurdt.

Fuort by syn weromkommen, op sneintemiddei 22 maaie, treedt er op Explore the North op mei it Rotterdamse Artvark Saxophone Quartet. Yn De Westertsjerke yn Ljouwert spylje se harren foarstelling ‘Tagelyk’, dy’t ferline jier op Poetry Internation al yn premjêre gie. Op dit stuit lizze Nyk de Vries en Artvark de lêste hân oan in harkalbum fan ‘Tagelyk’, in miks fan muzykalbum en harkboek, dat yn septimber útkomme sil.

Mear ynfo Prima Vista Literary Festival: kirjandusfestival.tartu.ee/en/programme.

Mear ynfo Cork International Poetry Festival: www.corkpoetryfest.net/friday.html.

Mear ynfo ‘Tagelyk’ op Explore the North: www.explore-the-north.nl/nl/agendaitem/tagelyk-nyk-de-vries-artvark-saxophone-quartet.
Snein 22 mei, 15.00 oere yn de Westertsjerke te Ljouwert.

Nyk de Vries en Artvark (foto: ©Henk Veenstra)

maaie 11, 2022 09:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.