Nije grutte plakkeraksje foar twatalige buorden by de Sorben
Resint ferskynd
It is net foar it earst dat se yn it strjitbyld ferskine: Sorbysktalige plakkers mei de tekst “En yn it Sorbsyk?” Fan ‘e wike binne se wer opdûkt. Se binne te finen op ientalige buorden, benammen yn de stêd Chóśebuz/Cottbus. It giet om rjochtingsbuorden, strjitnammebuorden en noch folle mear.
It gemeentebestjoer seit dat it foar twatalige buorden is en dat âlde ientalige buorden ferfongen wurde troch twatalige sagau’t se oan fernijing ta binne. Trijefearn fan ‘e gemeentebuorden is wylst al twatalich, seit in wurdfierster. Buorden fan oare oerheden hat de gemeente lykwols neat oer te sizzen. Dy binne folle faker noch ientalich.
Net allinne de foarstanners fan de Sorbyske taal litte fan harren hearre. Begjin fan it jier waarden op twatalige buorden krekt de Sorbyske teksten ôfplakt troch tsjinstanners fan dy taal.
De Sorben yn East-Dútslân prate in Slavyske taal, dy’t besibbe is oan it Poalsk en Tsjechysk. Se wurde soms diskriminearre en de ôfrûne jierren is der geregeld sprake fan geweld tsjin jongelju dy’t Sorbysk prate of Sorbyske tradisjonele klean oan hawwe.

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje