Nederlânske premier Rutte op it harspit nommen om fuortsmiten tekstberjochtsjes
Resint ferskynd

Yn it Nederlânske parlemint wurdt premier Mark Rutte tongersdei op it harspit nommen. Juster waard buorkundich dat Rutte alle dagen de sms-berjochten fan syn bûstelefoan fuortsmyt. Hy sei dat er alles wat wichtich wie al trochstjoerde oan amtners, dat dy se argivearje koene.
Hjoed waard buorkundich dat in faak yn ‘e media oanhelle tekstberjocht fan ‘e Amsterdamske boargemasterske Femke Halsema oer in demonstraasje yn ‘e koroanatiid net argivearre is. Hoe’t dat kin, koe Rutte de Keamer net fertelle. Hy seit lykwols dat er him altyd oan ‘e wet hâlden hat.
De eardere Wet Openbaarheid van Bestuur, better bekend as de WOB en de hjoeddeiske opfolger dêrfan, de Wet Open Overheid skriuwe foar dat alles wat de oerheid docht foar minsken te rieplachtsjen wêze moat. Dêrom moat alle skriuwerij troch amtners en bestjoerders bewarre wurde.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje