Nederlân skoart relatyf leech op parsefrijheidsyndeks

maaie 4, 2022 08:47 Fernijd

Nederlân skoart dit jier minder goed wat parsefrijheid oangiet as tichtby lizzende lannen as België, Frankryk, Dútslân en it Feriene Keninkryk. Dat docht bliken út de jierlikse ynternasjonale parsefrijheidsyndeks fan Ferslachjouwers Sûnder Grinzen (VZG), dy’t dit jier fia in oanpaste metoadyk opsteld is. Nederlân stiet op plak 28 fan yn totaal 180 lannen.

Foto: pixabay.com

De Skandinavyske lannen en bygelyks Nij-Seelân en Costa Rica dogge it ek better as Nederlân op de nije list. De list wurdt oanfierd troch Noarwegen. Underoan steane diktatueren lykas Noard-Korea, mar ek lannen as Eritrea, Iran, Sina, Egypte, Kuba en Fjetnam.

Om de parsefrijheid yn in lân fêst te stellen, sjogge de ûndersikers nei ferskate faktoaren. Dy binne dit jier ûnderferdield yn fiif kategoryen. It giet dan bygelyks om feiligens, wetjouwingsramt en polityk. Sa wurdt sjoen yn hoefier’t sjoernalisten harren wurk dwaan kinne, sûnder dat der troch politisy druk op harren útoefene wurdt. De organisaasje ûndersiket ek yn hoefier’t der sensuer yn in lân is en oft sjoernalisten bygelyks feilich wurkje kinne. De ranglist wurdt makke op basis fan in fragelist dy’t oan sjoernalisten en ek oan ûnder oare juristen foarlein wurdt.

Foargeande jierren skoarde Nederlân better. Sa stie Nederlân trije kear op plak twa, ûnder Finlân. Nei 2018 sakke Nederlân alle jierren struktureel ien plak. Ferline jier einige Nederlân op plak seis. Dat Nederlân leger op de nije ranglist stiet, komt mei trochdat de opstellers de metodyk efter de yndeks oanpast hawwe. By eardere edysjes waard nei sân kategoryen sjoen. Der wurdt no mear gewicht jûn oan de kategory feiligens fan sjoernalisten. Benammen yn dy kategory skoart Nederlân dit jier leech.

maaie 4, 2022 08:47 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.