Natuerkundigen: oplossing foar fyftich jier âlde paradoks fûn

maaie 2, 2022 08:27

Wittenskippers sizze dat se ien fan de grutste paradoksen yn de natuerkunde oplost hawwe. Mei in nije stelling (theorem) wurdt in tsjinstridichheid oerbrêge dy’t foar it earst oan it ljocht brocht waard troch de bekende Britske wittenskipper Stephen Hawking. Dêr spilet saneamd ‘kwantumhier’ in haadrol by.

Swart gat (foto: Wikipedia/Event Horizon Telescope – CC BY 4.0)

De Hawking-paradoks datearret út de santiger jierren en draait om swarte gatten: deade, ymplodearre stjerren mei sa’n grutte swiertekrêft dat sels ljocht der net út ûntkomme kin. Hawking wiisde syn kollega’s op in probleem. Neffens de algemiene relativiteitesteory fan Einstein kin neat út in swart gat ûntkomme, mar neffens de kwantummeganika is dat ûnmooglik. Dy paradoks stelde wittenskippers foar it dilemma dat ien fan de twa teoryen, beide fan fûneminteel belang foar de moderne natuerkunde, faaks net hielendal doocht.

Gjin hier of wol?
As der neat út in swart gat ûntkomme kin, kin der ek gjin ynformaasje oer wat der yn it swarte gat bart nei bûten ta. Yn de sechtiger jierren kaam de Amerikaanske fysikus John Wheeler dêrom mei de folgjende beskriuwing fan swarte gatten: objekten mei inkeld in massa, in draaifaasje en lading, mar fierder ûntdien fan alle oare natuerkundige eigenskippen. Se wiene saneamd ‘keal’ en Wheelers stelling waard dêrom ‘gjin hier-stelling’ neamd.

In groep fan natuerkundigen hat no oantoand dat komponinten fan de deade stjer in ôfdruk yn it swiertekrêftfjild fan it swarte gat efterlieten. Se neamden dy ôfdruk ‘kwantumhier’, en harren stelling ‘wól hier-stelling’. De nije stelling, publisearre yn Physics Letters B, oerbrêget neffens de wittenskippers de kleau tusken de algemiene relativiteitsteory en de kwantummeganika. It kwantumhier makket it mooglik dat ynformaasje oer it swarte gat dochs nei bûten ta kin, sûnder de prinsipes fan beide teoryen geweld oan te dwaan.

“It probleem is kreake”, stelde prefester Xavier Calmet, ien fan de ûndersikers, yn petear mei de BBC. Neffens him is it in ienfâldige, elegante oplossing fan it probleem, “mar sil it guon wat tiid kostje om dy te akseptearjen.”

Neffens heechlearaar Heino Falcke, grûnlizzer fan de ûndersyksgroep dy’t yn 2019 de earste foto fan in swart gat publisearre, is alles noch net bewiisd en sitte der noch wol gatten yn de stelling. “Der is genôch romte oer om der fierder oan te wurkjen foar’t de konklúzje lutsen wurde kin dat it probleem útiten is.” Sa is der noch gjin algemien akseptearre teory oer kwantumswiertekrêft. Sa’n teory soe it hâlden en dragen fan swiertekrêft op de alderlytste skaal beskriuwe moatte, dêr’t kwantumeffekten wichtich wurde, en mear ynsjoch jaan moatte yn de fûnemintele eigenskippen fan swarte gatten.

maaie 2, 2022 08:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.