Moardferhalekriich fan Boeken fan Fryslân

maaie 16, 2022 08:43

Boeken fan Fryslân skriuwt in ferhalewedstriid út foar lêzers yn it ramt fan it feest BoekmoardBoek dat op freed 8 july om 20.00 oere yn kafee Het Grauwe Paard yn Marsum holden wurdt.

Elkenien wurdt fan herte útnûge in koart ferhaal fan op syn minst 1000 wurden te skriuwen dêr’t moard in ûnderdiel fan is. Dat kin fansels breed: fan wreed en spannend oant healwiis en hilarysk. Ferhalen meie yn it Frysk of yn ien fan de Fryske streektalen oanlevere wurde.

De winner wurdt op it feest sels bekend makke en dy mei dan syn/har ferhaal foardrage foar it  publyk. Dat betsjut fuortendaliks in live-optreden tusken de oare Fryske skriuwers dy’t dêr de jûns al steane om harren koarte moardferhaal hearre te litten, lykas Sipke de Schiffart, Johan Veenstra, Jetske Bilker, Sjoerd Bottema en Erik Betten. Dêrneist kriget de winner in boekepakket en wurdt it ferhaal publisearre. Ynstjoeringen moatte op syn lêst freed 24 juny op it e-mailadres ynfo@boekenfanfryslan.frl ynkommen wêze, foarsjoen fan namme en kontaktgegevens.

Boarne: Boeken fan Fryslân

maaie 16, 2022 08:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.