Minder fleis, mear fleisferfangers
Resint ferskynd
Ynstjoerd
Is dat in goed Frysk wurd, fleisferfangers? Yn de wurdboeken stiet it net. Miskien is it wurd te nij, mar men soe hast hoopje dat de Fryske wurdboekmakkers sa ferstannich binne om dêr gjin wurd foar hawwe te wollen.
Minder fleis. Dat sil grif in goede saak wêze. Goed foar de bisten dy’t ûnder minne omstannichheden fetmest wurde, goed foar it miljeu en wa wit foar wat allegear noch mear. Minder fleis, alles foar te sizzen dus.
Mar wêrom yn ’e frede moat in gehakbal in gehakbal bliuwe, mar dan net fan fleis?
Wêrom moat leverwoarst leverwoarst bliuwe, mar dan wol sûnder lever?
Wêrom moat rollade rollade bliuwe, kompleet mei toutsje, mar sûnder filee?
Wêrom moat rikke woarst rikke woarst bliuwe – mei reeksmaak, dat wol –, mar sûnder…?
En gean sa mar troch.
Gjin fleis mear ite! Nee! Pas op!
Mar wol alle kearen by in ferfanger it smaaklike ferline yn it ûnthâld roppe.
Wêrom yn ’e frede?!
Gjin fleis mear. Prima! Mar brûk dan ek de nammen net mear dy’t it byld oproppe fan wat ús ienris sa treflik smakke hat en ús útnûgje om dochs noch mar ris nei de slachter te gean.
Soe it kinne dat it Frysk hiel bewust der gjin echt eigen wurd foar hat?
Sieger Bijsterveld
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje