Mienskiplik plan foar stipe Fryske byldzjend keunstners
Resint ferskynd
Der komt bettere stipe foar Fryske byldzjend keunstners. Yn oparbeidzjen mei ferskate partners út de kulturele sektor hat Keunstwurk dêr in plan foar makke. Kearn fan it plan is om mei-inoar te soargjen foar in stevich netwurk foar byldzjend keunstners en foarmjouwers. Dêrmei ûntstiet der in bettere basis foar harren takomst. Yn juny beslút Provinsjale Steaten oer it plan.

Foto: Provinsje Fryslân
Foar it mienskiplike plan wol Provinsje Fryslân oant en mei 2024, 80.000 euro yn ‘t jier frijmeitsje. Dat bedrach wurdt frijmakke út it koroana-ophelppakket No en Moarn II. Neffens de keunstsektor ûntbrekt it no oan ferskate funksjes foar byldzjend keunstners lykas ien loket foar fragen en advys, moetings lykas sympoasia en artistyk ynhâldlike stipe. Ut ûndersyk dat troch ûndersyksburo Sira Consulting dien is, docht bliken dat dy hiaten der yndied binne en dat finansjele stipe troch de provinsje nedich is. It ûndersyksburo hat ek oanjûn dat de keunstsektor sels mei in ynhâldlike oplossing komme moat. Dat is it mienskiplike plan wurden.
Ien loket foar byldzjende keunstners
Profesjoneel byldzjend keunstners út Fryslân kinne, nei goedkarring fan it plan, ynkoarten foar ynformaasje, fragen en advys terjochte by in spesjaal ynrjochte loket. Dêrneist wolle de kearnpartners ferskate artistyk ynhâldlike aktiviteiten foar de beropsgroep organisearje.
Neffens it ûndersyk fynt de sektor it kreëarjen fan oersjoch en it opbouwen fan stevige keunstnetwurken wichtich. Sawol de betûfte profesjonele keunstners as jonge begjinnende keunstners jouwe oan dat soks nedich is om it berop fan byldzjend keunstner goed útoefenje te kinnen.
Yn it netwurk wurkje Fries Museum, BOK, Museum Belvédère, Media Art Friesland, VHDG, Kunsthuis SYB, FRIA, Kunstacademie Friesland en de Museumfederatie mei-inoar gear. Keunstwurk fungearret as pinfierder.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje