Meikoarten yn Keunsthûs SYB: Sol Archer

maaie 9, 2022 08:36 Fernijd

Fan 30 maaie o/m 10 july 2022 is Sol Archer yn Keunsthûs SYB yn Beetstersweach te gast om in film te meitsjen oer it behear fan lânskippen en ekosystemen troch túnkjen.

Sol Archer (boarne: Keunsthûs SYB)

Mei de botanyske tún fan de 18e en 19e iuw ûntstie de mooglikheid ta it kreëarjen fan in ôfbakene geografysk gebiet troch de keunstmjittige konstruksje fan klimaten, lykas bubbels fan tropen, woastyn en siërra en ferskate oare fiere omjouwingen.

By syn residinsje yn SYB wurket Sol gear mei ynwenners fan Beetstersweach en de Tropyske Kas om út te finen hokker kondysjes sy kreëarje foar de planten dy’t út alle úthoeken fan de wrâld komme en no yn Fryslân groeie kinne. Mei lokale sjonggroepen makket er dêrneist in spyllist mei 19-iuwske muzikale transkripsjes fan Braziliaanske bistelûden.

Sol is noch op syk nei profesjonele en amateurtúnkers yn de omkriten fan Beetstersweach. Minsken dy’t in tip foar Sol hawwe, kinne in mail stjoere nei info@solarcher.net of nei info@kunsthuissyb.nl.

Charlotte Eta Mumm ‘Grund’ (boarne: Keunsthûs SYB)

Charlotte Eta Mumm: Grund
Op it stuit hâldt Charlotte Eta Mumm yn SYB ta. Hja hat de ôfrûne wiken wurke oan it earste part fan har residinsje. Hja sammele materialen lykas sân, turf, slib en hja wreide har syktocht út nei it foar de regio typyske organyske materiaal, lykas hynstestront, bjirkehout, griente en túnôffal út de Tropyske Kas.

De kommende wiken ferwurket frou Mumm dy materialen ta keramyske glazueren. Ein july komt se werom om oan de lêste faze fan har residinsje te wurkjen en op de sammele ‘grund’  tereflektearjen. De keramyk mei glazuer út de regio sil se op in mei bypassende lokale swiete hapkes dutsen tafel oarderje. Har einpresintaasje is op snein 31 july 2022.

Sjoch foar mear ynformaasje op www.kunsthuissyb.nl.

maaie 9, 2022 08:36 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.