Mear programma’s yn minderheidstalen op NDR
Resint ferskynd
- ‘Oogst’ – gelegenheidsprojekt fan Merijn Vrij by Museum Belvédère 0
- Bylden fan Barbara Hepworth yn tunen Ryksmuseum 0
- Ferhaleprojekt ‘Utsteld gelok’ yn pastorijtún yn Blauhús 0
- BolwurkFestival Frjentsjer: muzyk op it wetter 0
- Frysk Museum en de Onkruidenier organisearje aktiviteiten oangeande klimaatferoaring 0

De Noard-Dútske stjoerder begjint ynkoarten mei fiif nije radio- en telefyzjeprogramma’s dy’t in beskerme lytse taal as fiertaal brûke. Earder wie de NDR benammen Dútsktalich, mei inkeld in pear programma’s yn it Nedersaksysk. De omrop hat lykwols fan de oerheid de opdracht krigen om de lytse talen faker te brûken.
Op ’e radio komt der in fjirde Nedersaksysk (Nederdútsk) programma by: Platt Schnack Mucke. Dat wurdt presintearre troch Yared Dibaba. Hy praat ienris yn ’e moanne twa oeren lang mei muzikanten yn it Nederdútsk oer muzyk.
Op ‘’e telefyzje komme de folgjende programma’s by it besteande oanbod:
Grænzenlos is in programma oer kreaze plakken yn Noard-Dútslân. It wurdt presintearre troch Simone Mische, dy’t Dútsk praat, en troch Anders Køpke Christensen, dy’t Deensk praat. It Deensk wurdt yn it Dútsk ûndertitele. It programma fan 25 minuten wurdt ienris yn ‘’e twa moanne útstjoerd.
It Frysktalige Unerwäis komt ek ienris yn ’e twa moanne op ’e telefyzje. In ôflevering duorret in kertier. It programma wurdt yn it Dútsk ûndertitele. Yn it programma prate Noard-Friezen oer harren deistich libben.
It Nedersaksyske Löppt bie uns komt der ienris yn ’e moanne foar. It hat likernôch deselde opset as Unerwäis. It programma De Noorden op Platt fan Vanessa Kossen en Detlev Wutschik komt der ienris yn ’e moanne foar en giet oer de Nederdútske taal.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje