Mear omtinken foar it Frysk

maaie 4, 2022 07:15

It giet mei de promoasje fan it Frysk sa’t it ôfpraat is. Dy konklúzje kin lutsen wurde út it tuskenrapport dat it ministearje fan Ynlânske Saken en de provinsje Fryslân opsteld hawwe oer harren Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK). Dêr hawwe se foar in perioade fan fiif jier ôfspraken yn makke oer hoe’t se it Frysk beskermje en befoarderje wolle. Der binne stappen nommen, benammen yn it Frysk ûnderwiis en op it mêd fan sichtberens fan de taal.

It fersterkjen fan it Frysk yn it ûnderwiis is in wichtige ambysje yn it BFTK. Dêrom wurket it Taalplan Frysk 2030 oan in folslein oanbod fan materiaal en begelieding troch in ‘skoalstiper’, dy’t skoallen begeliedt by it fersterkjen fan it oanbod fan it Frysk.

Ferline jier is begûn mei it mjitten nei de steat fan it Frysk yn it basis- en it fuortset ûnderwiis. Guon fan de skoallen krigen ferline jier al besikers. De rest folget dit jier. De mjitting sil ein 2022 klear wêze. De gegevens meitsje dúdlik wêr’t skoallen stipe nedich hawwe om it Frysk op in heger nivo te bringen en dêr te hâlden. Bygelyks troch de oanskaf fan in nije lesmetoade Frysk of de oanskaf fan oanfoljend materiaal.

Njonken dizze oandachtsgebieten ûndersiket it BFTK ek it Frysk yn bygelyks de media, yn kulturele útdrukkingen en it ekonomysk en maatskiplik libben. Yn 2023 wolle de provinsje en it Ryk harren ôfspraken realisearre hawwe.

Hoe’t de situaasje him no foardocht is te lêzen yn de Tuskenrapportaazje BFTK 2019 2023.

maaie 4, 2022 07:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.