Mear muzyk op skoalle – galakonsert foar jong en âld yn Snits

maaie 5, 2022 11:11

Doe’t yn 2018 it konvenant ‘Méér Muziek in de Klas – lokaal Fryslân’ ûndertekene waard, wie dêrmei ek fêststeld dat der alle jierren in Fryske kultuerdei foar basisskoallen organisearre wurde soe, de saneamde Maaiespullen.

Twa jier koe dat om de koroana net trochgean, mar no sil it heve. Op 20 maaie litte skoallen troch foarstellingen en útstallingen hearre en sjen wat se kinne. Op woansdei 18 maaie organisearret Méér Muziek in de Klas in galakonsert foar jong en âld yn Teater Snits. It ferbinende jiertema – sawol op de skoallen as foar it konsert – is ‘Us liet mei in Ferhaal’. Dêr wurdt ynfolling oan jûn troch presintaasjes fan skoalkoaren- en orkesten en optredens fan Fryske ambassadeurs. Mei filmkes wurdt sjen litten hoe’t der skoallen har derop tatriede.

It twadde diel, it haadmenu fan it konsert is Once upon a time… (Der wie Ris…), meartalich muzykteater, fan de Belgyske Belgische komponist Jan Van der Roost. Bekende streektaalleafhawwers en artysten fertelle yn harren eigen streektaal.
De foarstelling wurdt útfierd troch in grut harmonyorkest, in jongereinkoar, sjongsolisten en akteurs. It publyk wurdt meinommen yn muzikale fertellingen fan fjouwer wrâldferneamde mearkes fan de bruorren Grimm. Dy foarmje de reade tried fan it masterwurk fan Van der Roost.

It fertellen en foarlêzen fan mearkes sprekt ta de ferbylding en al iuwen wurdt muzyk brûkt om ferhalen sfearfol te ferklanken. Ferhalen wurde yn ferskillende talen ferteld, de taal fan de muzyk is lykwols universeel en oeral te ferstean. Mei it famyljekonsert op 18 maaie yn Snits wurdt dat wier makke. It konsert begjint om 19.30 oere en kaartsjes kostje € 20,-.

In yndruk fan de tarieding foar de Maaiespullen kin opdien wurde yn: https://www.omropfryslan.nl/nieuws/1145562-kinderen-oefenen-voor-eigen-oerol-gorredijk
Promo fan de repetysjes foar it galakonsert: https://www.youtube.com/watch?v=xnFIPv_0V7s

maaie 5, 2022 11:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.