Mear as 35 diskehâlders op Boeremerk mei de Sleepboatdagen yn Wâldsein
Resint ferskynd
De Boeremerk yn Wâldsein, dy’t al jierren alle tongersdeis yn ’e simmerfakânsje in protte besikers lûkt, kriget dit jier in iere edysje mei de Sleepboatdagen. Op sneon 21 maaie komme mear as 35 diskehâlders nei Wâldsein foar de gesellige merk. Op ’e merk fynt men folop farske streekprodukten, oanfolle mei in rom oanbod fan oare artikels. De merk wurdt deunby de Spar, it doarpshûs en de passantehaven holden.

Foto: Thea de Jong
Sneon 21 maaie binne der njonken de merk in protte oare aktiviteiten yn it doarp, lykas in protte sleepboaten, optriuwers en oldtimers, fjouwer shantykoaren en in kleedsjesmerk troch bern út it doarp. Mei it evenemint kin men it moaie doarp Wâldsein ûntdekke en de mûnen, tsjerken en ytgelegenheden mei terrassen besytsje. En troch de smelle strjitsjes en gloppen swalkje. Alle aktiviteiten binne op rinôfstân. De Boeremerk op sneon is fan 11.00 oant 17.00 oere.

Foto: Thea de Jong
Sjoch foar it folsleine programma fan de Sleepboatdagen op www.friesesleepbootdagen.nl.
Mear ynformaasje oer de Boeremerk is te finen op www.welkominwoudsend.nl/boerenmarkt.

Foto: Maurits Vinke
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje