Mariken Heitman wint mei roman ‘Wormmaan’ Libris Literatuerpriis

maaie 10, 2022 09:20

Skriuwster Mariken Heitman hat mei har boek Wormmaan de Libris Literatuerpriis 2022 wûn. Dat makke sjueryfoarsitter Ahmed Aboulaleb justerjûn buorkundich yn Nieuwsuur. De sjuery priizget Heitman fanwege har “grut yntellekt, literêr masterskip en de moed om net foar in konvinsjonele fertelling te kiezen.”

Mariken Heitman en Wormmaan (boarne: Nieuwsuur)

It boek Wormmaan giet oer haadpersoan Elke. Twa tema’s dy’t frou Heitman mei-inoar ferbynt, steane sintraal: de start en de ûntwikkeling fan de lânbou en dêrneist identiteit, yn it bysûnder slachte-identiteit. De haadpersoan hâldt har dwaande mei it feredeljen fan gewaaksen. Hja ferliket dat proses mei de sosjalisaasje fan minsken. Se wol in iuwenâlde eart yn eare werombringe om sa it ‘feredeljen’ teneate te dwaan. Se wol ôf fan de ‘ideale eart’ dy’t oan de regels fan de mienskip foldwaan moat.

Utrikking Libris
De Libris Literatuerpriis wurdt sûnt 1994 alle jierren útrikt. In sjuery kiest de winner. De sjuery bestiet dit jier neist foarsitter Aboutaleb út Katja de Bruin, sjef boekeredaksje VPRO Gids, Femke Essink, nearlandikus en literêr krititus foar De Groene Amsterdammer, Alicja Gescinska, filosofe en skriuwster en Theo Hakkert, literêr sjoernalist/resinsint, foar û.o. Tubantia. Eardere winners binne ûnder oaren Harry Mulisch, Arthur Japin, Arnon Grunberg en Connie Palmen.

Wormmaan is de twadde roman fan Mariken Heitman, dy’t fan hûs út biolooch is. De kennis fan de skriuwster is fia haadpersoan Elke, dy’t sied ferriket, ek yn it boek werom te lêzen. De lêzer leart ûnder oare oer sied, gewaaksen en grûn. Frou Heitman kriget as winner 50.000 euro en in brûnzen lispinning, ûntwurpen troch Irma Boom.

maaie 10, 2022 09:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.