Lútsen Bakker wint Grut Frysk Diktee 2022

maaie 19, 2022 13:22

Mei mar in heale flater wûn Lútsen Bakker út Grins justerjûn it Grut Frysk Diktee. Dy heale flater kaam trochdat er âldelju as twa wurden skreaun hie, wylst it yn de dikteetekst net om âlde minsken, mar om de heit en mem fan de haadpersoan gie. Der wiene trouwens mear sterke kandidaten. Nei him einigen twa dy’t beide mar ien flater hiene.

Foto © Peter de Jong Fotografie

De Fries-om-utens Bakker lêst in protte Frysk en ken de taal troch en troch. Hoewol’t er musikus fan berop is, hat ek in skoft as korrektor oan It Nijs meiwurke.

Oan it diktee namen ek seis ploegen fan seis minsken út ûnderskate kategoryen it tsjininoar op. Fan harren wûnen de studinten it.

It diktee waard ôfnommen yn de Steateseal fan it Provinsjehûs en útsjoerd troch Omrop Fryslân.

De tekst fan it diktee wie dizze kear skreaun troch Twadde Keamerlid Habtamu de Hoop út Easterein. De sjuery bestie út Nienke Jet de Vries (Provinsje Fryslân), Eelke Goodijk (Cedin) en Akademymeiwurker Hindrik Sijens (foarsitter).

Sa seach it diktee derút (mei tank oan Omrop Fryslân foar de ôfbyldingen):

 

 

 

maaie 19, 2022 13:22
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. Nanne maaie 20, 14:54

    Tige lokwinske, Lútsen!

  2. A.Kramer maaie 21, 10:47

    It soe samar kinne dat Lútsen it diktee flaterleas makke hat. Tafallich kaam ik yn in boek mei sketsen fan Nycle J. Haisma, Suderkrús yn it ferhaal “Fata Morgana” yn ‘e twade printinge op bls. 97 “âlde lju” as twa wurden tsjin, en dúdlik wiene de Heit en Mem fan Hiske Tryn bedoeld. Dit betsjut noch net dat yn dizze dagen “alde lju” goed is. (skriuwers meitsje ek flaters), mar it is wol in plak wêr it sa skreaun is, en dat kin ek op mear plakken sa wêze en ferklearje wêrom Lútsen dy twa wurden sa skreaun hat. Boppedat komt yn gjin fan de twa Fryske wurdboeken dy’t ik haw it wurd “âldelju” foar. It is dan altyd âlden of âlders.
    It komt nea of hast nea foar dat immen in saneamd grut diktee (groot dictee) Frysk of Nederlânsk flaterleas makket.

  3. Sibbele Siker maaie 22, 12:06

    Yn de aktuele wurdboeken stiet ‘âldelju’ wol as ien wurd. Sjoch mar yn Frysk Hânwurdboek, Frysk Wurdboek diel I en II (oudelui) en yn it WFT.

  4. Ed maaie 23, 12:11

    Fan herten lokwinske, Lútsen.
    Mei grut respekt.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.