LTO Noard: Ynvestearje yn wetterstof en grien gas

maaie 19, 2022 08:36

It brûken fan ierdgas stiet hieltyd mear ûnder druk. Oan ’e iene kant rize de gasprizen troch it dak. Oan ’e oare kant bringt it brûken fan ierdgas ôfhinklikheid fan Ruslân mei. In ôfhinklikheid dy’t net winske wurdt. Boeren en túnkers sjogge kânsen om safolle mooglik wetterstof en grien gas te produsearjen. Dat is skjinner, kin yn Nederlân sels wûn wurde en kin yn ’e takomst goedkeaper wurde. LTO Noard ropt de oerheid op om boeren en túnkers dêr ek yn te helpen.

Foarbyld fan in biofergêster (foto: Vortexrealm @ English Wikipedia – CC BY 3.0)

Wetterstof
It elektrisiteitsnet yn Nederlân sit op in protte plakken fol. Dêrtroch kinne sinnepanielen en lytse wynmûnen net oansletten wurde. Wetterstof jout dêr in oplossing foar. Opwekke enerzjy kin nammentlik omset wurde yn wetterstof. Dêrtroch hoecht it net it stroomnet op. Mei it projekt ‘Growth2Green’ wurdt ûndersocht hoe’t alle sinnedakken yn in beskate krite oansletten wurde kinne op in elektrolyser om sa nei wetterstof omset te wurden. Wetterstof kin brûkt wurde as brânje/enerzjy.

In oar projekt dêr’t LTO Noard mei dwaande is, is lânbou mei wetterstof ferduorsumje. Dêr wurdt by ûndersocht hoe’t besteande lânboubedriuwen folslein enerzjyneutraal wurde kinne. Dat soe bygelyks kinne troch de trekkers net mei disel, mar mei wetterstof te tanken. “Wetterstof as universele griene enerzjydrager produsearre op it eigen bedriuw is in oplossing foar minder CO2-útstjit, is stikstofneutraal en it lost it probleem fan netkongestje yn it bûtengebiet op”, leit Jacob Jan Dogterom út. Hy is ien fan de dielnimmers oan it projekt.

Beide projekten leverje de antwurden op de grutte enerzjyfraachstikken dêr’t we no foar steane. Oan ’e iene kant it beheinde stroomnet en oan ’e oare kant it grutte ferlet oan skjinne foarmen fan enerzjy. Om de projekten nei in heger nivo te tillen, freget LTO Noard it ministearje fan LNV om in ynvestearringsfûns duorsume ynnovaasjes foar de agraryske sektor te ûntwerpen.

Grien gas
Boeren en túnkers kinne neist wetterstof ek grien gas produsearje troch dong te fergêsten. Troch de dong yn in grutte silo te ferwaarmjen, soargje baktearjes foar de produksje fan biogas. Dat biogas wurdt suvere, sadat it deselde kwaliteit as ierdgas hat. Dêr drage boeren en túnkers mei by oan de enerzjytransysje. Tsientallen boeren en túnkers yn Nederlân dogge dat al. De kosten foar de ynstallaasje om it gas om te setten binne frij heech. Troch de sterk oprinnende gasprizen wurdt it lykwols hieltyd oantrekliker. Der is noch in lyts triuwke yn ’e rêch nedich. De oerheid kin dat triuwke jaan mei in ynvestearringsfûns en troch te soargjen foar de nedige ynfrastruktuer lykas in biogaslieding.

maaie 19, 2022 08:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.