Ljouwerter helpt Oekraynske ienheden oan libbensrêdend materiaal

maaie 20, 2022 09:49

Sytske de Boer út Ljouwert is belutsen by it inisjatyf Ukraine Aid Operations (@ UkraineAidOps). Dy organisaasje, mei mear as 40 aktive frijwilligers fan oer de hiele wrâld, helpt ienheden oan it front fan Oekraïne oan kûgelfrije fêsten, medysk materiaal en oar libbensrêdend guod. Ukraine Aid Operations (UAO) stiet yn direkt kontakt mei de ienheden, dy ‘t harren ferlet streekrjocht trochjouwe oan de organisaasje. De leden fan de groep komme dan yn aksje om jild yn te sammeljen, de nedige materialen te finen en it ferfier nei de oanbelangjende ienheden te regeljen. It donearre materiaal hat oant no ta op syn minst sân libbens rêden.
Sytske de Boer is foar de UAO foaral aktyf op it mêd fan kommunikaasje mei media en sponsors.

Untstean fan de organisaasje
Begjin april 2022 begûn Harri (gjin folsleine namme jûn om feilichheidsreden), mei it sammeljen en oankeapjen fan beskermjende materialen en it koördinearjen fan de produksje dêrfan. Hy hie fernommen dat der yn Oekraïne in slim tekoart wie oan dit materiaal. It tal minsken dat aktyf waard yn de Oekraynske definsje naam ynienen sa bot ta, dat sels it troch it bûtenlân skonken materiaal de fraach net dekke koe. Harri koe it net oansjen hoe’t soldaten fochten sûnder deeglike beskermjende útris. Yn bulk kocht er ballistysk stiel en fûn in bedriuw yn Estlân om dêr sawat 1200 kûgelfrije platen fan te snijen. De platen waarden test en goedkard troch it Oekraynske leger.

Doe’t dat op Twitter bekend waard, melden frijwilligers fan oer de hiele wrâld har oan om Harri’s wurk te stypjen. Se rjochten de organisaasje Ukraine Aid Operations op. Sûnt april hat dy wichtige oanrekommandaasjes en stipebetsjûgingen krigen fan minsken dy’t direkt belutsen binne by de Oekraynske definsje en fan in protte folgers en donateurs.

Betrouwen en transparânsje
Troch de oanhâldende tekoarten op alderhande mêd binne yn en bûten Oekraïne in soad frijwilligersgroepen aktyf dy’t besykje om yn it ferlet te foarsjen. De measten binne betrouber, mar der binne spitigernôch ek oplichters aktyf. Om oan de stipers sjen te litten dat harren jild bestege wurdt oan wêr’t it foar bedoeld is, docht Ukraine Aid Operations it folgjende:

  1. Donateurs kinne kieze tusken it donearjen fan jild of it sels keapjen fan materialen. De organisaasje hat op Amazon in sintrale list oanmakke mei produkten dy’t de Oekraynske definsje nedich hat. UAO rêdt mei it transport nei it front.
  2. Donoaren wurde op ’e hichte holden fan de oankeap en levering fan materiaal fia it Twitter-akkount fan de organisaasje, @UkraineAidOps.
  3. UAO hat stiftingen oprjochte yn it Feriene Keninkryk en de Feriene Steaten, en yn Oekraïne is in ‘goededoelestatus’ oanfrege.

Resultaten
Oant en mei 17 maaie binne de folgjende materialen ôflevere of ûnderweis.

  • 2000 stielen beskermjende platen foar kûgelfrije fêsten
  • 11 ton stiel dat ferwurke wurdt ta nochris 2200 platen
  • 170 kevlar platen
  • 50 pear learzens
  • 15 drones
  • 1 ambulânse
  • 1 terreinauto
  • Sawat 2500 artikels fan Amazon, mei dêrûnder AED’s, taktyske festen, nachtkikers en EHBO-doazen (spesjaal foar leger)

Dêrneist hat de organisaasje ek it transport fan medysk materiaal fersoarge dat ynsammele wie troch oare (bûtenlânske) aksjegroepen.

maaie 20, 2022 09:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.