Liuwe H. Westra – Biografy Tony Feitsma: byfangst

maaie 1, 2022 08:00

Skôging

It moaie fan in biografy is dat men ien syn (m/f) hiele libben besiket by lâns te gean, by wize fan sprekken alle stiennen eefkes optilt en dan sjen wat dêrûnder sit. Sokke stiennen binne bygelyks de bûsboekjes fan Tony Feitsma, dy’t hast allegear bewarre bleaun binne.

Om earst mar wat rjocht te setten: gauris heart men, of hear ik yn alle gefallen, dat Tony Feitsma alles bewarre. Mar dat is sa net. Se bewarre wol in soad, en se koe ek min dingen fuortdwaan. Mar se wie net hiel systematysk, en mei al har drokte en aksje fersloech se der ek wol gauris yn. Sa leau ik grif, dat it tafal is, dat guon bûsboekjes ûntbrekke. Dat binne twa bûsboekjes fan ’e lêste jierren, doe’t se geastlik minder waard. Dy sille weigriemd wêze. En dat binne in stik as fiif, seis út ’e jierren ’60 en ’70, doe’t Tony it op har alderdrokst hie. Dy binne grif yn it geweld fan pepierren dy’t se om har hinne garre in kear by fersin fuortdien. Tige skande, mar neat mear oan te dwaan. En dan moatte wy ek noch net útslute, dat de frijwillige berêders fan it Feitsma Fûns, dy’t foar de útdaging stiene om in hûs mei trije sliepkeamers en in souder dat hielendal fol stie mei boeken, skriften, skriuwblokken, kranten, tydskriften en brosjueres út te mjoksjen en te skuftsjen, hjir en dêr in steapeltsje mist hawwe. Ferhúzjen kostet no ien kear bêdstrie.

Mar oer dy bûsboekjes: ôfsjoen fan nijsgjirrige moetings en ôfspraken – dêr’t ik hjir neat oer fertel – befetsje dy soms ek noch oare ynformaasje dêr’t ik gjin aan fan hie. Ik rin dochs ek al in skoftke mei yn ’e Fryske beweging, en ik miende te witten dat it Fryske bûsboekje, dat ik brûk sûnt myn studintetiid, yndertiid útfûn is troch it Kristlik Frysk Selskip en dat dat doe in nij inisjatyf wie. De útstalling yn it Oranjehotel mei 25 bûsboekjes fan Lybrich Andringa heucht my noch.

En wat docht no bliken? Yn ’e jierren ’40 en ’50 hawwe der ek al Fryske bûsboekjes west, nammentlik fan it Boun fan Frysk Nasjonale Jongerein. It bûsboekje fan 1949 is it earste, yn 1952 wurdt besletten om op in útstel ‘út it Fryske bidriuwslibben’ yn te gean en yn ’e mande in twatalich boekje te meitsjen, yn 1954 is it boekje wer ientalich Frysk, en yn 1955 is it wer út. Mar seis Fryske bûsboekjes, doe al – wisten jo it? Ik net!

Tony Feitsma siet, al studearre se yn Amsterdam, yn ’e propagandakommisje fan it Boun, en yn it boekje fan 1953 hat se in foaropwurd skreaun. De namme stiet der net ûnder, mar út taal en styl kin ik oars net konkludearje, as dit is it lûd fan Tony Feitsma sels. En sa kin net allinnich de biografy, mar ek de bibliografy wer oanfolle wurde!

Der is mear to dwaen!

Wis, jo hawwe der goed oan dien, in twatalige bûsaginda oan to skaffen. Ik wit, jo koene forgees ien krije fan de saek; en dochs ha jo dizze nommen omt er tominsten foar in part yn de eigen tael skreaun is.

            Dêr ha jo goed oan dien, en dochs sit der in gefaer yn it keapjen fan dit boekje. Net, dat de beurs der tofolle ûnder lit hawwe sil – dy ƒ 1,75 is ek wol wer oer to kommen – mar it gefaer dêr’t ik op tsjutte wol, is dat fan de selsfoldienens. Och, lit my ek ris sa’n agenda keapje, dan hat men op ’t lêst jins stientsje ek bydroegen yn ’e Fryske striid, net wier? Hoefolle soene der net wêze dy’t sa riddenearje … Mar dan wurdt der forgetten, dat it der yn ’e Fryske Biweging net om giet ‘om ek ris hwat to dwaen.’ Ei né en as wy earlik foar ús sels oer steane, dan witte wy it allegearre ek tige skoan  –  wy moatte altyd wach wêze, altyd moatte wy de striid oandoare. It giet net oan, om it mei jinsels op in akkoardtsje to smiten. It giet net oan, om to sizzen: ‘Nou ha ik dit en dat foar Fryslân dien, nou kin it earst wol wer ta.’ Yn al ús dwaen en litten moatte wy Frysk wêze, moatte wy ús as Friezen hâlde en drage. Dat bringt faek konflikten mei  –  foar de iene mear, foar de oare minder. As wy trou bliuwe oan ús folk, sille wy dy konflikten winne, altyd, al sil it yn minske eagen faeks in forlies wêze.

            Ik siz it jitris: jo hawwe der goed oan dien dizze bûsagenda oan to skaffen, mar forjit dizze wurden net  –

            Der is mear to dwaen!

Dit is de tredde fan in rige ferslachjouwingen fan dr. L.H. Westra, dy’t wy de kommende tiid hieltyd yn de earste wike fan ’e moanne hoopje te publisearjen. Sjoch foar de earste Liuwe H. Westra – Biografy Tony Feitsma: de ein yn ’t sicht | It Nijs en foar de twadde: Liuwe H. Westra – Biografy Tony Feitsma: Tony har coming out as beweger | It Nijs
maaie 1, 2022 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.