Langste hingbrêge foar fuotgongers yn ’e wrâld iepene

maaie 14, 2022 08:49 Fernijd

De langste hingbrêge foar fuotgongers yn ’e wrâld is freed iepene yn in sky-oard yn it noarden fan Tsjechië, tsjin de grins mei Poalen. De brêge is 721 meter lang, 95 meter heech en 1,2 meter breed. It duorre twa jier om de stielen brêge Sky Bridge 721 te bouwen.

Foto: pixabay.com

De brêge hinget oan seis stielen kabels mei in lûkkrêft fan 360 ton de kabel. Besikers kinne by it begjinpunt komme mei in kabelbaan of fia in rinpaad. In kuiertocht oer de brêge is net fergees. Wa’t de fallei fan de Mlýnský potok fia de brêge oerstekke wol, moat dêr 350 Tsjechyske kroan foar deltelle, omrekkene sa’n fjirtjin euro. Der jildt ienrjochtingsferkear op ’e brêge. Om wer by it begjinpunt werom te kommen, moat men in paad fan twa kilometer folgje.

It foarige rekôr foar langste hingbrêge foar fuotgongers wie yn hannen fan de Arouca 516. Dy brêge waard ferline jier iepene yn Portugal en is, sa’t de namme al oanjout, 516 meter lang.

Besjoch dronebylden fan de hingbrêge yn Tsjechië op YouTube.

maaie 14, 2022 08:49 Fernijd
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Erwin2.0 april 18, 16:48

    Krekt de dronebylden sjoen. Spektakulêr!!!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.