Koroanawet komt yn it jiskefet

maaie 17, 2022 19:47
Earste Keamer (foto: Wikimedia/Magnus Manske – CC BY 2.0)

Fryslân en de oare Nederlânske provinsjes krije wer gewoane wetten. De tydlike koroanawet is fan 1 juny ôf net langer jildich. De Nederlânske Earste Keamer wol him net ferlingje. De wet makket sûnder tastimming fan it parlemint in protte yngripende frijheidsbeheinings moolk.

Op it stuit binne sokke wetlike beheinings der net, mar it Nederlânske regear wol dat de wet bestean bliuwt om se fluch wer ynfiere te kinnen as de koroanasykte oanboazet. De Twadde Keamer woe dat wol ynskikke, mar de senaat strykt der in skoatteltsje foar. Neffens it grutste part fan ‘e senaat heart in tydlike wet mei in grut frijheidsbeheinend foech foar it regear net sûnder driuwende reden jildich te bliuwen.

maaie 17, 2022 19:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.