Kolleksje 48 Hour Film Project Ljouwert online
Resint ferskynd
It 48 Hour Film Project is yn 2001 yn Amearika ûntstien en fersprate him al rillegau oer de hiele wrâld. Yn 2013 hellen produsinten Bart Dokter en Anton Felipa de filmkompetysje nei Ljouwert. It doel fan it 48HFP is dat dielnimmende ploegen yn ien wykein binnen 48 oere in folsleine koarte film meitsje.

Boarne: Frysk Film- en Audioargyf
Alle fasetten fan it film meitsjen, fan it skriuwen fan skripts oant de montaazje, moatte yn dat wykein realisearre wurde. Om it ekstra útdaagjend te meitsjen, binne der alle jierren wikseljende eleminten dy’t yn de films opnommen wurde moatte. Dat binne in personaazje mei in spesifyk berop, in sin en in prop/foarwerp. Dêrneist krije alle ploegen in sjenre tawiisd. Alle jierren dogge tusken de tweintich en tritich filmploegen mei oan it 48HFP Ljouwert. De films wurde altyd mei it Noardlik Filmfestival fertoand, mei jûns in spektakulêre priisútrikking.
De measte films binne troch de organisaasje fan it 48HFP bewarre en dit jier oerdroegen oan it Frysk Film- en Audioargyf. De kolleksje is opnommen yn it argyf en feilich opslein foar takomstige generaasjes. It ferskaat oan films, de unike ynstek fan de filmkompetysje en de kreativiteit dêr’t de films mei makke binne, meitsje it in wichtige kolleksje om te bewarjen en te ûntsluten.
Spitigernôch binne fan de earste trije jiergongen 48HFP Ljouwert (2013, 2014 en 2015) net alle ynstjoeringen bewarre bleaun. It FFA soe it moai fine om ek de lêste missende films te trasearjen en yn de kolleksje op te nimmen. Dêrom wurdt in oprop dien oan ploegen/ploechleden fan de earste edysjes om kontakt op te nimmen mei info@friesfilmarchief.nl. Dan wurdt de kolleksje folslein makke en wurde ek dy films foar de takomst feilich steld.
Op de webside fan it Frysk Film- en Audioargyf binne de films út de kolleksje 48 Hour Film Project Ljouwert no te sjen.
Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer it 48 Hour Film Project Ljouwert.

Boarne: Frysk Film- en Audioargyf
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje