KNMI warskôget foar raar waar

maaie 19, 2022 14:41

It KNMI ferwachtet dat wy tongersdeitemiddei hiel oar waar krije as dat wy de foarbye wiken hân hawwe. Rein, heil, tongerbuien en wynpûsters lûke tongersdei en freed troch Nederlân hinne. Yn Limburch, Noard-Brabân en Gelderlân jildt koade oranje, yn de oare Nederlânske provinsjes koade giel. It KNMI warskôget foar fuortwaaiend guod, omfallende beammen en wjerljocht.

maaie 19, 2022 14:41
Skriuw in reaksje

5 opmerkingen

  1. - maaie 19, 21:39

    Buien lûke net, mar tsjogge.

  2. H. maaie 20, 00:06

    Dêr binne jo mis mei! It Afûk-materiaal stelt it wolris wat te simpel foar, as soe ‘lûke’ inkeld mar brûkt wurde kinne foar ‘mei de hannen of earms nei jin ta helje’, mar ik tink dat jo as synonym fan ‘it siicht’ ek ‘it lûkt’ brûke soenen en dat jo ek sizze dat ‘in dei nei de jûn ta lûkt’ en, as it efkes foar tsienen is, ‘dat it nei tsienen lûkt’.

    Buien en wolkens kinne ek wol tsjen, mar dat is almeast in personifikaasje. Yn de betsjutting ‘troch de romte of de tiid bewege’ is it hawwen fan in eigen wil de foarnaamste faktor dy’t útmakket oft wat ‘lûkt’ of ‘tsjocht’. ‘Tsjen’ is typysk wat dat minsken dogge en bisten miskien ek noch wol, mar dingen sûnder eigen wil net sa maklik. Lucht, wetter en oare saken lûke – alteast, dat wie sa yn de perioade dat it Frysk kodifisearre waard, rûchwei tusken 1800 en 1970. Sjoch mar by de omskriuwingen en de foarbylden fan beide tiidwurden yn it WFT.

  3. Lútsen maaie 20, 12:54

    Alwer in tige wurdearre en nijsgjirrige útiensetting (ek lienwurd) fan H. No wit it ek wêrom’t it net in ‘tsjochfûgel’ of ‘lûkfûgel’ is, mar in ‘trekfûgel’. Of fersin ik my no dóchs wer? Fûgels soene neffens dy dus ‘tsjen’ kinne. Mar allinnich tee wurdt trutsen. Drege taal dat Frysk.

  4. Henk maaie 23, 12:47

    Lútsen, fan herten lokwinske mei it winnen fan it diktee!

    Yn it Frysk is ‘trekke’ hast folslein troch ‘lûke’ ferfongen, mei in lyts semantysk hoekje foar ‘tsjen’ yn it Standertfrysk. Allinnich yn in pear spesifike konteksten wurdt ‘trekke’ mar mear brûkt, lykas foar ‘op smaak komme troch partikels op te nimmen’, dat wy fan tee en bûljon sizze. Fierder binne der hjir en dêr yn de wurdskat lytse restjes fan it âlde ‘trekke’ te finen, bygelyks yn ‘woarteltrekke’, ‘trekwei’ en ‘trekkebekje’.

    As tiidwurd hat ‘trekke’ it dus ferlern fan ‘lûke’, mar by de haadwurden is it krekt oarsom. Der hat him net in haadwurd ‘lûk’ ûntwikkele yn de bedoelde betsjuting. Dêr hat ‘trek’ it wûn. Dêrom ha wy it oer ‘belestingôftrek’, ‘de trek fan ‘e skoarstien’ en oer ‘trekfûgels’. Dat lêste wurd is net in gearstalling mei de tiidwurdstam yn it earste lid, mar mei it haadwurd ‘trek’, lykas yn ‘fûgeltrek’. Yn it Dútsk sjogge wy itselde: dêr ha wy net in ‘Ziehvogel’, mar in ‘Zugvogel’.

    As it my net mist, hat Eric Hoekstra yn de jierren njoggentich ris in stikje oer dizze matearje skreaun.

  5. Lútsen maaie 23, 21:35

    Tankewol en tige tank foar dyn heldere ‘lessen’.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.