Karavaan nei de Takomst!
Resint ferskynd
As ûnderdiel fan Arcadia giet de Karavaan nei de Takomst rinnend, fytsend en (elektrysk) farrend, dus fossylfrij, troch Fryslân. Dy duorsume ynspraasjetocht kin elkenien fergees oan meidwaan.
Op Himelfeartsdei, tongersdei 26 maaie start de karavaan om 9.15 oere by de Bosk op de Twibaksmerk yn Ljouwert en giet er oer Goutum en Techum (10.45), Wurdum (12.00) en Reduzum (13.15) nei Grou (16.00). Wêr’t ûnderweis oanstutsen wurdt en wat dêr te rêden is, is lezen op Dag 1 – donderKaravaan nei de Takomst!dag 26 mei: Leeuwarden – Grou.
Yn Grou wurdt de earste dei om 16.30 oere ôfsletten mei in lêzing fan Jan Terlouw yn de Sint-Pitertsjerke.
Sneon 28 maaie giet de karavaan fierder nei Akkrum, dêr’t it dy dei Reuzedei is, tradisjoneel in temadei fol mei aktiviteiten op it mêd fan duorsumens, lykas in sinneboatrace en André Kuipers mei in lêzing yn de Terptsjerke (sjoch Dag 2 – zaterdag 28 mei: Grou – Akkrum).
Dêrnei giet it op de sneonen 4 juny o/m 2 july yn oare hoeken fan Fryslân fierder.
Wiidweidige ynformaasje is te finen op www.karavaanneidetakomst.frl, dêr’t it oanmeldingsformulier ek op ynfolle wurde kin.
De Karavaan nei de Takomst is in inisjatyf fan de Freonen fan Fossylfrij Fryslân, SDG Netwurk Fryslân, de Friese Milieu Federatie en Doarpswurk.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje