Kampanje foar in Fryskfreonliker Fryslân

maaie 1, 2022 16:24

As Fries om utens falt my op dat der hieltyd minder Frysk praat wurdt yn winkels en oare iepenbiere gelegenheden. Behearskje de ynwenners fan Fryslân de taal dan net mear? Nee, dat is it net. Want as ik yn it heitelân myn trekken waarnim en myn memmetaal foar kar nim, wurd ik suver altyd goed begrepen en giet de petearpartner ornaris nei in hoartsje sels ek oer op it Frysk. Dat, de oast sit him der yn dat de Friezen hieltyd skrutener wurde om harren eigen taal te sprekken. Dat is tige spitich want sa ferdwynt dy út it maatskiplik libben en sil er skielk alhiel weiwurde. Alle yndividuele taalkarren yn aldendeiske situaasjes hawwe sadwaande as folslein ûnbedoeld einresultaat dat we mei-inoar ús taal nei gychem helpe.

Mar likegoed kinne we mei-elkoar beslute om it Frysk wer mear te brûken. Yn Fryslân kinne we by elk petear yn dy taal úteinsette en der altyd noch wat Hollânsk yn behelje, yn gefallen dat soks nedich is. En we kinne de minsken dy’t it Frysk minder goed behearskje, helpe wat better Frysk te learen, sadat wy ús letter ek wer minder hoege te ferbrekken. Ik ha dêr yn it ramt fan Ljouwert Kulturele Haadstêd al ris ta oproppen, mar dy oprop hat de measten doe net berikt. Lykwols is it tige wichtich dat de grutte kliber foar it snotsje kriget dat elk sels in rol spilet yn it ferlern gean of just it behâlden fan it bysûndere erfskip dat ús taal fertsjintwurdiget en oan dat lêste winliken maklik bydrage kin troch dy simpelwei sa folle mooglik te brûken.

Ik tink dat in reklamekampanje yn de grutte media fertuten dwaan kin om de minsken út de holle te praten dat it brûken fan it Frysk by oarstaligen – dy’t it fakentiden al ferstean kinne en/of (better) leare wolle – yn it meartalige Fryslân ûnfatsoenlik wêze soe. In kampanje dy’t in Fryskfreonliker Fryslân kreëarret dêr’t Friezen harren feilich fiele de taal dy’t dêr al sa lang sprutsen wurdt, sûnder sjêne te brûken.

Yn it ramt fan Stim fan Fryslân haw ik in útstel foar sa’n kampanje dien en eltsenien kin dêr dizze wike, oant en mei ankom sneon 7 maaie, noch foar stimme. As dat idee genôch stimmen kriget, soargje we der mei de Ried fan de Fryske Beweging foar dat der sa’n kampanje komt. Klik hjir om jim stim op it idee út te bringen.

Elts kin op trije ideeën stimme. Ik haw ek noch in idee yntsjinne om winkelstrjitten ‘op te Fryskjen’. Dat is hjir te lêzen. Rûnom ‘geveltsje-Frysk’ sil allyksa bydrage oan in Fryskfreonlik klimaat, dêr’t nimmen him mear te bleu yn hoecht te fielen om it Frysk te brûken.

Om koart te kriemen is dêrom myn fersyk oan eltse lêzer: stim én diel dizze oprop yn jim fermiddens om sa folle mooglik minsken te rissen harren stim út te bringen.

Nanne Hoekstra

maaie 1, 2022 16:24
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. G. P. Houwer maaie 2, 11:25

    Iknstim fòar jo idee. Dat doch ik op dizze wize omdat ik gjin akkount haw en ek net ien hawwe wol.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.