Jongkeardel sjit minsken del op Dútske skoalle
Resint ferskynd

Yn it Dútske Bremerhaven hat in jongkeardel mei in krúsbôge op minsken yn in skoalgebou sketten. In frommeske is slim ferwûne rekke. De man rûn tongersdeitemoarn it gebou fan it pleatslike gymnasium yn en begûn om him hinne te sjitten. Oft er wat mei de skoalle te krijen hie, is net bekend. Nei de sjitterij naaide er út. De plysje hat him letter op ‘e dei yn in kroech fêstnomd.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje