Jan Schokker: Brûsfûgel

maaie 29, 2022 13:01

Kollum

‘It is in moaie maitiidsdei. Wim stiet by syn skiep, der is ommers altyd wat te sjen. Twa lamkes moat er drinke litte, mar oars giet it dêr yn it Leechlân sa’t it gewoanwei gean moatte soe. Efkes letter is it krekt as ferstapt Wim him yn it stikje grûn dêr’t niis nije beamkes plante binne. Wim, lykwols, hat him net ferstapt. Hy falt samar om. It hert wol net langer mear.’

Sa likernôch iepene de sprekster de tsjinst ta oantinken oan in neef fan de frou. Se hie moaie ferhalen oer Wim, yn it bygeboutsje fan de tsjerke fan Warten. De neef wie 75 jier wurden en altyd frijfeint bleaun. Hy libbe tegearre mei syn broer op it boerespultsje fan harren âlden te Warten. Dy beide hiene lân en stâl yn it Leechlân. De neef hie dei yn dei út warber west. Hy fersoarge bygelyks it iten foar him en syn âldere broer. Oant safier in toanbyld fan boargerlik fatsoen en in egaal libben mei fêste en lykmjittige patroanen, dêr’t je treflik âld mei wurde kinne.

Mar Wim hie sa syn passy: hy ried motor. En net samar in sullich deeglike Harley, nee in racemeunster fan komsa. In Japanner. Geregeldwei gie er derop út mei syn maten, dy’t manmachtich ek oanwêzich wiene by de betinking. It gie nei Eastenryk, nei Switserlân en folle fierder noch, mar it leafst nei en troch Dútslân, want dêr koe it gas derop. Brûze moast er, it sil him in geweldich gefoel jûn ha. Frij wêze. Frij wie er fansels wol yn it moaie Warten, mei syn fee middenyn de natuer, mar op de Autobahn moat er him pas echt sa frij as in fûgel field hawwe.

In ferfelende byfangst fan syn kweajongesgedrach lei fakernôch op de doarmatte. De famylje skatte yn dat er yn omtrint fyftich jier minstens it dûbele oan ferkearsboetes krigen hat. En gjin flauwe bedraggen. Bytiden gie it om in oertrêding fan hûndert kilometer te hurd. Dat de doarpsgenoaten seagen Wim ek wolris in poas yn in 20-kilometerautootsje, op in scooter of op de trekker wat lytse eintsjes riden as syn rydbewiis wer ris ynfoardere wie. Tûk wie er wis. Of wie it faaks ek in slûchslimmens? Op ien fan syn motors hie er de kentekenplaat sa makke dat er him weidraaie koe as er in flitspeal of plysje tsjinkaam. In oare kear smarde er drek oer de nûmerplaat om mar gjin bekeuring te krijen. In kweajonge wie er, blykber yn ivige striid mei it gesach om ûnder it beteljen fan bekeurings út te kommen.

Se naaiden der ek wol ris út nei in snelheidskontrôle en sa stie der in kear by thúskomst yn Warten in plysje-auto op it hiem te wachtsjen. Wim hie foar dy dei in ûnderdûkplak socht, want by sa’n oertrêding moast er deselde dei noch persoanlik de bekeuring oerlange krije. Sa net, dan moast de plysje de bekeuring ferskuorre. Wim liet him sa’n dei dus net sjen. Hy moat neffens syn maten sa grif aardich wat jild besparre hawwe. Hy folle ek wol ris in oare namme yn op it formulier by de fraach wa’t de motor bestjoerde op it plak fan it delikt. Hy hie noch in adres fan in hotel yn Tsjechië paraat en dat kaam op it formulier. Nea wer wat fan heard.

Yn Warten wienen se net altyd like grutsk op Wim. Hy brûsde betiden fierstente hurd troch de buorren of boarte sa mei it gas dat de motor yn it heechste toeretal in heidensk leven makke. Wim mocht graach moaie sterke ferhalen fertelle en moat wis in gesellige kammeraat west hawwe. In pear motormaten droegen de deakiste mei nei bûten ta. Se wiene slim oandien.

Tsja, dy Wim: foarich jier noch in splinternije motor kocht. Letter, mei de kofje en de cake, hearden we dat er doe al by de kardiolooch kaam. Wat in kontrast, betocht ik doe’t wy by syn noch iepen grêf stiene. De iene dei mei alle respekt in hiel deagewoan boerke dat stikken noch dea koe en leaf wie foar it laam, de oare dei in rekalsitrante strjitskeiner, dy’t yn in strak kleurich motorpak oer fjouwerbaansdiken en troch beboude kommen brûsde en bromsnorren foar de gek hold.

It hie bêst oars ôfrinne kinnen mei sa’n duvel. Mar nee, omfallen op eigen hiem. It sil stil wurde yn Warten.

 

 

maaie 29, 2022 13:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.