Jan Bosgraaf: Aaisykje op Yslân?
Resint ferskynd
Kollum
As bern giene we by ’t maitiid it fjild yn om aaien te sykjen. Pet op ’e holle, polsstôk oer it skouder en de learzens oan. We wisten fan hokker boer elts stik lân wie. We hoegden Boersma, Heeringa, Kingma of Sijtsma net om tastimming te freegjen om op harren lân aaien te sykjen. We hiene ek al gau yn it snotsje op hokfoar lân we de grutste kâns hiene om aaien fan de ûnderskate fûgels te finen. De foarkar fan skriezen giet út nei lân mei hjir en dêr wat rûchte. Nei alle gedachten fiele se har dêryn thús. Dêrtroch lizze de nêsten ek justjes mear ferskûle as bygelyks dy fan de ljip en de bûnte liuw. De aaien kamen ûnder de pet en waarden meinommen nei hûs. Dat wie de gewoanste saak fan ’e wrâld. Soks is hjoed-de-dei amper noch foar te stellen.

Orchideeën by de Arnarfjördõr op Yslân. In daalders plakje foar skriezen.
Boarne Wikimedia Commons, lisinsje CC BY-SA 4.0
Want yn ’e rin fan ’e jierren is der in hiel soad feroare. Op alderhande mêd kaam der oare en nije regeljouwing. Yn de agraryske sektor en op it mêd fan greidefûgelbehear ek. Dat der yn myn jongesjierren, sa’n sechtich jier ferlyn, by ’t maitiid sa’n 120.000 pearkes skriezen yn Nederlân delstrutsen, hie ’k gjin weet fan. Dy skriezen wiene der gewoan. Se hearden derby, lykas de ljippen, de bûnte liuwen, de ljurken, de tsjirken en alle oare greide- en wetterfûgels. Tsjintwurdich komme der jierliks noch mar sa’n 30.000 pearkes nei ús lân. It giet yn ús lân dus net goed mei ús nasjonale fûgel, dêr’t de skries yn 2015 ta ferkeazen waard. Dêr is neat nijs mei sein. It greidefûgelbestân rint ommers al jierren efterút. Dat komt trochdat fierwei it grutste part fan it lân, troch it yntinsive agrarysk behear, net of minder geskikt is foar greidefûgels. Dêr wurdt dan al gau de boeren de skuld fan jûn. Mar dat is net earlik. Want neist in hiel soad regels fan de oerheid, hawwe boeren ek te krijen mei wurchkontrakten fan grutte supermerken. Dy wolle oan de iene kant in sa grut mooglike winstmarzje behelje en oan de oare kant mei de leechtse prizen safolle mooglik klanten lûke. Trochdat boeren earder as eartiids begjinne te meanen, leit de kâns dat in nêst aaien útkomt tusken de 30 en 60 persint. Mar as de aaien útkomme, dan komme de piken derefter dat der neat te fretten is, omdat de blommen, dêr’t ynsekten op ôf komme dy’t se nedich hawwe, fuortmeand binne. De kâns dat in pyk útfljocht is dan ek mar om ende by de 10 persint. Skriezen dy’t harren nêst of piken kwytreitsje, fleane dan ek hieltyd earder werom nei Afrika. Dêr witte se yn Senegal oer mei te praten. Eartiids kamen se dêr yn augustus werom, as it sied al ûntkime wie. No komme se werom yn de tiid, dat der siedde wurdt en falle se op it sied oan as miggen op ’e sjerp. Dit en noch folle mear is te sjen yn de film ‘Grutto! De reis van onze nationale vogel’ fan filmmakker Ruben Smit, dy’t 7 july yn premjêre giet. Earder makke Smit ek de films ‘De Nieuwe Wildernis’ en ‘WAD’.
Om de skriezen en oare greidefûgels te skewielen, stekt de nasjonale oerheid oant 2027 ta 70 miljoen euro yn de beskerming fan de greidefûgels. De provinsje Fryslân hat dêr dit jier 50.000 euro foar beskikber. As oan bepaalde betingsten foldien wurdt, kinne grûneigeners en brûkers fan lân subsydzje oanfreegje. Yn ’e rin fan dit jier komt der wer in nije subsydzjeregeling foar de beskerming fan greidefûgelnêsten en ‑piken. Oft it slagget om dêrmei de delgeande trend yn oantallen greidefûgels om te bûgen nei in opgeande line, moatte we ôfwachtsje. De skriezen hawwe ûnderwilens it paad nei Yslân fûn. It foldocht ús nasjonale fûgel dêr nei’t skynt sa skoan, dat se dy 4.000 kilometer (hinne en werom) ekstra fleanen der wol foar oer hawwe. De ôfrûne sechtich jier is it oantal pearkes op Yslân fan fiiftûzen oprûn nei sa’n fyftichtûzen. It kin bêst wêze dat we skielk nei Yslân moatte om skriesaaien te sykjen. De pet en de polsstôk kinne we wol thús litte.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje