It Nederlânsk Blazers Ensemble spilet Strauss’ ‘Vier letzte Lieder’
Resint ferskynd
- ‘Oogst’ – gelegenheidsprojekt fan Merijn Vrij by Museum Belvédère 0
- Bylden fan Barbara Hepworth yn tunen Ryksmuseum 0
- Ferhaleprojekt ‘Utsteld gelok’ yn pastorijtún yn Blauhús 0
- BolwurkFestival Frjentsjer: muzyk op it wetter 0
- Frysk Museum en de Onkruidenier organisearje aktiviteiten oangeande klimaatferoaring 0
It Nederlânsk Blazers Ensemble (NBE) spilet yn syn nije foarstelling de Vier letzte Lieder fan Richard Strauss yn in nij arranzjemint fan Willem van Merwijk. De Blazers tsjoene de teaterseal om ta in film noir, mei yn de haadrol alt-mezzo Carina Vinke, dy’t as Edith Piaf op ’e barkruk yn in smokerige nachtklup har eigen draai oan de populêre lieten jout.

Foto: NBE
Strauss ferstoar koart nei it foltôgjen fan de Vier letzte Lieder yn 1949 en hat se dus nea hearre kinnen. De ikoanyske lieten strielje in sfear fan berêsting út. De komponist nimt ôfskie fan it libben, en de wrâld nimt ôfskie fan in muzikale taal dy’t doe al definityf ‘histoarysk’ wurden wie. Doe’t Strauss de lieten skreau, wie de atonale muzyk de berneskuon al lang ûntgroeid, en yn de twadde helte fan de tweintichste iuw soe de muzyk in radikaal oare rjochting nimme.
Op woansdei 1 juny wurdt it stik yn Skouboarch Ogterop yn Meppel útfierd. Sjoch foar de folsleine spyllist op www.nbe.nl.

Carina Vink (foto: NBE)
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje