It Literêr Sirkwy op snein 22 maaie yn Burdaard

maaie 13, 2022 08:37

De loft is blau fan dagen

Frysk Dichterskollektyf RIXT en Streekdichter fan Noardeast-Fryslân, Geart Tigchelaar, organisearje mei-inoar in poëtyske middei yn de rige It Literêr Sirkwy. Dat sil heve yn it multyfunksjoneel sintrum It Spektrum te Burdaard op sneintemiddei 22 maaie 2022 om 15:00 oere. De tagong is fergees.

De optredende dichters hawwe it positive tema ‘De loft is blau fan dagen’ meikrigen. Dy middeis bringe Janneke Spoelstra, Ina Schroders-Zeeders, Mark Spijkers en Geart Tigchelaar harren dichtwurk op it poadium. It duo I Due Cognati wikselet de poëzy mei muzyk ôf en lit him foar syn klanken op ’e wurden fan de dichters ynspirearje.

Oan ’e ein fan de middei is der in iepen poadium. In moaie gelegenheid om jin dêrfoar op te jaan om mei te dwaan en jin dêrby foaral troch it tema liede te litten – al is in tsjinoersteld fers like wolkom. Oanmelde kin fia ynfo@rixt.frl.

Frysk Dichterskollektyf RIXT is in kollektyf dêr’t mear as fyftich dichters by oansletten binne. Op rixt.frl komme geregeld nije fersen dy’t op de aktualiteit skreaun binne. Streekdichter Geart Tigchelaar hat him foarnommen om de poëzy yn alle soarten en foarmen safolle mooglik ûnder de minsken te bringen.

maaie 13, 2022 08:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.