In fûleindich konflikt yn Nijhoarne eartiids

maaie 14, 2022 07:38

Ferhaal

Doe’t yn 1921 de frijsinnich herfoarme dominy fan Nijhoarne ôfskied naam, liet dy gjin bloeiende gemeente efter. It wie dêr in treurige boel. Der kamen hast gjin minsken mear yn tsjerke. De rjochtsinnige leden kamen sneins gear yn it lokaalsje Nafthalie (foto) te Skuorregea, dat yn 1925 nei Aldhoarne ferpleatst is. Dy leden hearden by de evangelisaasjeferiening Skuorregea-Aldhoarne, dêr’t ds. Van Lonkhuyzen út Hoarnstersweach adviseur fan wie. Yn de tsjerkeried wiene beide rjochtingen fertsjintwurdige.

Yn jannewaris 1922 waard in harkkommisje beneamd, besteande út leden fan ferskate oertsjûgingen. It doel wie om in predikant te beroppen dy’t it grutste diel fan de gemeente befredigje koe en dy’t it tsjerklik libben wer ta bloei bringe soe.

In deputaasje út Nijhoarne teach nei Delden om dêr ds. Immink preekjen te hearren. De tsjerkeried en de harkkommisje like dat winsklik, omdat it stânpunt fan dy dominy de midden hold tusken ortodoks en frijsinnich. De frijsinnigen diene dus, alhoewol’t se yn de mearderheid wiene, foar de rjochtsinnigen oer in konsesje troch net in linksen kieze te wollen. Yn in gearkomste waard besletten dat se allegearre harren stim op ds. Immink útbringe soene.

Mar it soe oars rinne. Fan de 72 stimberjochtigen wiene der 49 oanwêzich en ta fernuvering fan elkenien krige ds. Immink 24 stimmen en de ûnbekende ds. Pijnacker Hordijk út Terherne 25 stimmen.

Wat die no bliken? Ds. Van Lonkhuyzen hie by in pear ortodokse tsjerkeriedsleden de rjochtsinnige ds. Pijnacker Hordijk oanrekommandearre. Dy leden hiene stikem de namme fan ds. Pijnacker foar de stimming trochjûn en sa koe by oerfal immen dy’t nimmen koe de mearderheid behelje.

Dat yn de kommisje net elkenien him oan de ôfspraak holden hie, fielde as ferried. Se kamen no mei in predikant te sitten dy’t troch it grutste part fan de gemeente net winske waard. De tsjerkfâden hawwe noch by ds. Pijnacker west om út te lizzen hoe’t it allegearre yn syn wurk gien wie. Ds. Pijnacker hie doe tasein om it te ûndersykjen, mar de oare deis krigen se in brief dat er fan gjin ûndersyk witte woe.

ds. Pijnacker Hordijk

No soene se yn Nijhoarne mei in predikant te sitten komme op wa’t it grutste part fan de gemeente tsjin wie. Ds. Pijnacker naam it berop oan. Hy miende yn de ferkiezing in hegere lieding te sjen. Dy hâlding waard net begrepen, om’t de beroppene wist dat it mei de stimming nuver gien wie. Ferwachte wie dat ds. Pijnacker-Hordijk as lid fan de bûn fan predikanten dochs gjin berop oannimme soe fan in gemeente dy’t wegere om oan syn ferplichtingen te foldwaan oplein troch de Ried fan Behear (bestimd foar traktemintsferbettering yn de minst situeare gemeenten).

Yn april waard de earste publike aksje fia de parse ynset. Ds. Pijnacker waard bekritisearre lykas ek it klassikaal bestjoer en de provinsjale tsjerkegearkomste, dy’t mei it berop akkoart gien wiene. Mar der wie net folle mear oan te dwaan, ds. Pijnacker bleau by syn beslút.

De yntreetsjinst wie fêststeld op 29 july 1923. Dêr waard yn de kranten nochal wat tam tam fan makke. Der wiene plysjes op ôfstjoerd om de oarder te bewarjen, mar it bleau rêstich. De tsjerke siet grôtfol. Der wie immen dy’t op de wize fan ‘De zilvervloot’ in lietsje oer de situaasje makke hie. Dat wie nei de dominy stjoerd, mei de melding dat it yn de tsjinst songen wurde soe. Mar dat is net bard. Hjir folget it earste kûplet.

Menschen heb je ’t laatste nieuws al gehoord?
’k Ga vertrekken naar Nijehorne.
Elk woord van protest is nu eindlijk gesmoord.
Er valt nu niets meer te tornen.
Watn een grap! Ik lach me slap! Dat ik daar binnenstap!
Ik dank meteen den Heer, Hij telt me deze keer
Een zak vol gouden tientjes neer.

De pastorij wie nei’t de foarige predikant fuortgie ferhierd, dat sadwaande moast ds. Pijnacker earst noch in healjier yn Terherne wenjen bliuwe. Doe’t er op 1 desimber ferhuze, hiene se om de hiele pastorij stikeltried spand. Hy moast oan de efterkant sjen dat er der ynkaam. Dwers troch de blabber. By it paad nei de tsjerke ta wiene buorden set mei gjalpen as leagener en bedrager. Foar de pastorij stie in boerd mei it opskrift ‘Troch bedroch ha ik 4000 gûne’.

Op 2 desimber moat it raar gien wêze. Ds. Van Lonkhuyzen en ’e frou wiene op besite bij ds. Pijnacker, doe’t se bekûgele waarden mei stiennen en snieballen. Ds. Van Lonkhuyzen hie, hoewol’t er gjin wapenfergunning hie, in pistoal by him. Hy moat der ek noch mei sketten ha, mar lokkich net ien rekke.

Ds. Pijnacker hat ek noch trije moanne skorst west mei behâld fan it traktemint. It klassikaal bestjoer achte him skuldich oan fersom en fergryp yn de útoefening fan syn tsjerklik amt. De synoade hat de skorsing letter wer opheft.

It stikeltried om de pastorij hat der jierren omhinne sitten. Doe’t de houten peallen ferrotte wiene binne se ferfongen troch izeren peallen. Nei 1930 waarden de ûnderlinge ferhâldingen wat better en der kaam wer wat gearwurking. De skerpste kantsjes fan it konflikt wiene der wat ôfsliten.

Nei 25 jier Ald- en Nijhoarne is ds. Pijnacker nei Sint-Joosland op Walcheren ferfearn. Dat wie yn 1948. Syn ôfskiedspreek mei as rema Is Christus gedeeld? gie oer 1 Korintiërs 1:13. Hy waard opfolge troch ds. N. Immink, frijsinnich predikant yn Barsingerhorn, in soan fan de yn 1923 ôfwiisde ds. Immink.

Jangerben Mulder

Foar dit ferhaal binne it boek De kerkelijke kwestie Nijehorne en Waarom geschorst? fan ds. Pijnacker Hordijk rieplachte; en fierder noch ferskate kranten.
De foto op de thússide fan de tsjerke fan Nijhoarne is fan de Stifting doarpsargyf Ald- en Nijhoarne. Bewurking Janke Mulder
maaie 14, 2022 07:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.