In beskermingel

maaie 22, 2022 06:54

Oertinking

Doe’t se lyts wie, hong by myn suster in rymke boppe it bêd. Fan dat rymke wit ik noch de rigels: “Twee aan mijn hoofdeinde, twee aan mijn voeteneinde, twee die mij dekken, twee die mij wekken.” Dy ‘twee’ sloech op ingels.
Doe’t Bonhoeffer yn ’e sel siet, kaam him dat rymke ek yn ’t sin. It jout, sei er, in gefoel fan burgenens, en dêr hawwe alle minsken ferlet fan. “Der binne goede machten om my hinne…” (Gesang 398) / “Troch goede machten trou en stil behoede…” (Liet 511).

Johannes belibbet yn syn finzenskip op Patmos it iene fisjoen nei it oare. Yn it earste sjocht er Kristus, mei om him hinne sân gouden kandelers. Oerweldigjend is Kristus’ útstrieling: syn antlit skitteret machtich as de sinne, syn lûd hat de klank fan in wetterfloed en syn eagen binne as in lôgjende flam.
Krektlyk as Paulus ûnderweis nei Damaskus falt Johannes kjel oer de grûn. Tear leit Kristus him de rjochterhân op ’e holle en seit: “Wês mar net bang! Ik bin de Earste en de Lêste. Skriuw op watst sjoen hast.”
By wat Johannes sjocht, kriget er dizze útlis: “Dit is it geheim fan de sân stjerren yn myn rjochterhân en fan ’e sân kandelers: dy sân stjerren binne de ingels fan ’e gemeenten en de sân kandelers binne de gemeenten.” It is de hege ropping fan de gemeente om kandeler te wêzen, reflektor fan it ljocht dat Kristus is. Dêrta helpt de ingel, dy’t as dûbelgonger fan de gemeente foar Gods troan is. Hy/sy is de beskermingel fan de gemeente, mar ek de besieljende ynfloed! Yn it gebed om de hillige Geast freget de tsjerke alle sneinen om de ynfloed fan de ingel. Wat soe it goed wêze as gemeenten mear iepen stiene foar harren ingel!
De earste rigel fan Gesang 476:4 (Lvdk) is yn it Hollânsk: ‘Mensenzoon tussen de kandelaren’. Oan Him wurdt foar de tsjerke frege:

Lit har wêze ljocht en sâlt fan de ierde,
skûlplak yn ’e wyldernis,
hûs dêr’t heil en frede is (Gesang 476:4; Lfdt).

Lêze: Iepenbiering 1:12-20

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan € 19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
maaie 22, 2022 06:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.