IMF-subsydzje foar 20 projekten yn Noardwest-Fryslân

maaie 4, 2022 07:00

Fia it Iepen Mienskipsfûns (IMF) jout de provinsje Fryslân subsydzje oan tweintich inisjativen yn de regio Noardwest-Fryslân. Yn de earste iepenstellingsperioade fan 2022 giet der mei-inoar goed 260.000 euro nei projekten foar leefberens yn de mienskip. Ien fan de projekten dy’t in bydrage kriget is Boekepassaazje De Reade Loper.

Boekepassaazje De Reade Loper (boarne: Provinsje Fryslân)

It haaddoel fan it projekt Boekepassaazje De Reade Loper is om bern, jongfolwoeksenen, mar ek de âlderein wer oan it skaken te krijen en mei oare tinksporten yn oanrekking komme te litten. In oar doel dat de inisjatyfnimmers foar eagen hawwe, is om ûnder de neamde doelgroepen it lêzen te stimulearjen. Der wurde skaaklessen, mar mooglik ek dam- en bridgelessen jûn, lykas wurkateliers dy’t tinksporten en lêzen te’n goede komme. Oare aktiviteiten besteane út it ferkeapjen fan twaddehânskboeken en it organisearjen fan skaaktoernoaien en lêzingen oer boeken, keunst en tinksporten. De skaak- en boekesaak sit yn in passaazje yn de Sint-Jabiksstrjitte yn Ljouwert. It úteinlike doel is om op dat unike plak in moetingsplak te kreëarjen. Foar boekeleafhawwers, keunstners en tinksporters dy’t inoar ynspirearje en faninoar leare. 

Iepen Mienskipsfûns en LEADER-subsydzje
De twadde subsydzje-omgong fan it Iepen Mienskipsfûns rint fan 11 april ôf noch oant en mei 12 maaie 2022. Foar de ynwenners fan Noardeast- en Noardwest-Fryslân is ek de Europeeske subsydzjeregeling LEADER iepene fan 11 april – 9 juny 2022. Betingst is dat it inisjatyf bydraacht oan it ferbetterjen fan de leefberens yn wyk, doarp of regio. Sjoch foar mear ynformaasje oer IMF en de LEADER-regeling en it oanfreegjen fan subsydzje op www.streekwurk.frl.

Projecten 1e subsidieronde Iepen Mienskipsfûns 2022

Middelgrote projecten en Groot project

 

maaie 4, 2022 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.