Iepenloft-Pinksterfiering yn Greonterp
Resint ferskynd
Snein 5 juny 9.30 oere is in Pinksterfiering ûnder lieding fan pastoar Peter van der Weide by de 200 jier âlde klokketoer fan Greonterp. In fiering ûnder de iepen himel, dat past wol by it Pinksterfeest, op in prachtich plak, eins midden yn de natuer dêr’t stilstien wurdt by it waaien fan de Geast.

Foto: Sicco Rypma
Ien fan de teksten is: “Jo azemje libben yn | Jo azemje libben út | Jo azemje nei oaren ta | mei jo wurden, jo laitsjen jo sjongen.” In fiering dus om ’op azem’ te kommen.
De fiering wurdt opfleure mei fokale en ynstrumintale muzyk troch it Sint-Ceciliakoar en de Fanfare Blauhús. Nei ôfrûn is der in kollekte foar misjonêre wurkers dy’t har ynsette foar de kwetsbere minske wrâldwiid.
Belangstellenden binne fan herte útnûge.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje