Ideeën foar de Fryske taal binne keazen
Resint ferskynd
De útslach fan de stimmerij oer ideeën foar de takomst fan it Frysk op it platfoarm Stim fan Fryslân is fan ‘e middei yn it radioprogramma Underweis fan Omrop Fryslân buorkundich makke. De trije ideeën dy’t foar de útfiering stipe krije fan de Provinsje Fryslân stean hjirunder; klik op de titels foar de omskriuwingen:
Buorman en Buorman yn it Frysk (Gurbe en Piebe)
SJONG IT Live
Ferhalebank
It komt no oan op de útfiering. De inisjatyfnimmers – de ferneamde sjonger Emiel Stoffer, Anouck Veenstra fan Studio Audioshape en Meindert Tjerkstra fan underwiisburo Semko – sille dêr sels mei teset moatte, mar al mei in provinsjale stipe fan (op syn heechst) fyftjintûzen euro.
Der binne 1382 stimme útbrocht op 33 ideeën. De hjirboppeneamde winners krige respektyflik 232, 98 en 82 stimmen. Beharkje hjir reaksjes op de útslach fan de winners, de projektlieder fan de provinsje Ypie Boersma en ferantwurdlik deputearre Sietske Poepjes.
De folsleine útslach fan de stimmerij is hjir te besjen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje