Hoe sjocht in Frysker Fryslân der út?
Resint ferskynd
Okkerdeis hawwe de Provinsje Fryslân en it ryk in saneamd Sichtberensakkoart Fryske taal ôfsletten mei as foarnaamste doel: mear Frysk yn de iepenbiere romte. As foarbyld waard by de ûndertekening fan it akkoart in ferfryske boerd foar kameratafersjoch presintearre. En der binne mear fan soksoarte buorden kommendewei.
Mar hoe sjocht dy Fryske sichtberens der no krekt út? Dêr hat de Jongfryske Mienskip de harsens oer skrabe en harren ideeën binne útwurke yn it ‘Oanfalsplan fergrutsjen sichtberens Fryske taal en identiteit yn Fryslân’. As foarbyld kaam benammen it ferfangen fan it boerd ‘fietspad’ troch ‘fytspaad’ yn de media. Dat joech al ringen oanlieding ta noed oer de ferkearsfeiligens en dat smiet ek wer reaksjes op, ûnder oaren fan twa âld-foarsitters fan de Ried fan de Fryske Beweging, op it Nijs en yn de Ljouwerter Krante:
Fytspaad (LC 9 april)
Yn 1986 waarden yn de gemeente Tytsjerksteradiel Fryske plaknammen ynfierd. Guon wiene benaud dat Burgum net mear te finen wêze soe en yn it ANWB-blêd Kampioen stie in ynstjoerd stikje fan ien dy’t Noardburgum net fûn hie. Sokke ûnnoazelen koene der ek better net hinne. Oer in pear moannen reizgje Nederlanners der sûnder problemen mei de auto op út nei lannen dêr’t se de taal net fan prate.
Kees Terwisscha van Scheltinga hat gelyk dat ferkearsfeiligens foar alles giet (‘Fries als norm in verkeer? Slecht plan’, LC 7 april). Ik wie dêrom tige ynnommen mei de foto by syn stik, mei it buordsje ‘Fytspaad’. Want wa’t sa’n buordsje net begrypt, kin better thúsbliuwe. Dêr wurdt it ferkear noch feiliger fan.
Pier Bergsma. Hurdegaryp
It komplete plan
Mar yn it oanfalsplan, dat yn beskate fermiddens ferspraat is, steane folle mear konkrete en nijsgjirrige foarbylden. It Nijs krige tastimming fan de Jongfriezen om it plan no yn al syn hear en fear te publisearjen.
Klik dêrfoar op: Oanfalsplan sichtberens Frysk
Stimme foar mear Frysk op strjitte
It plan fan de Jongfryske Mienskip jout benammen foarbylden dy’t op it boardsje fan oerheden lizze. Mar it bedriuwslibben soe him der likegoed by jaan kinne. Op dit stuit (oant en mei 7 maaie) kin tafallich ek krekt stimd wurde op in plan út it fermidden fan de Ried fan de Fryske Beweging foar ferfrysking fan winkelstrjitten: sjoch hjirre.
By foldwaande stimmen stipet de provinsje dat plan mei in aardich dofke.
(60km) sône ynstee fan zone smyt ek gjin problemen op fjar oarstaligen. Dy ek mar mei nimme as se oan ein binne.
Yn gefal fan ‘fytspaad’ kin ik my ek noch foarstelle dat toeristen der mei op de foto geane, wat wer promoasje is foar Fryslân.
In oare kleur strjit- en plaknammebuorden soe ek foar fotomominten soargje kinne. Ek falle se dan rapper op yn nijsprogramma’s, werby faak earst in shot naam wurdt fan it boerd om oan te jaan wer’t se binne.