Hillichferklearring Titus Brandsma

maaie 16, 2022 18:19

Pater-karmelyt Titus Brandsma (1881-1942) is opnommen yn de kanon fan de hilligen fan de Roomsk-Katolike tsjerke. Paus Franciscus spruts de hillichferklearring fan de Fryske pryster, en dy fan njoggen oare religieuzen, sneintemoarn út op it Sint-Pitersplein yn Rome.

Titus Brandsma (boarne: Omrop Fryslân)

Tûzenen belangstellenden, ûnder wa ek Fryske pylgers, wennen de hillichferklearring by. It is in bysûnder barren, want yn de kanon stean tûzenen nammen, mar Nederlân krige der yn de lêste hûndert jier mar fiif hilligen by.

Iere libben
Titus Brandsma waard yn Oegekleaster tusken Hartwert en Boalsert berne as soan fan feehâlder Titus Brandsma en Tjitje Postma. Brandsma gie nei skoalle yn Boalsert en dêrnei, yn 1892, nei it gymnasium by it Minderbruorrenkleaster St. Antonius fan Padura yn Megen, Noard-Brabân. Dêr, by de karmeliten, krige er de kleasternamme Titus. Yn 1905 waard er ta preester wijd. Fan 1906 oant 1909 studearre er oan de Pontificia Università Gregoriana yn Rome, dêr’t er nei in skritflik en mûnling eksamen promovearre ta doktor yn de wiisbegearte. Werom yn Nederlân joech Brandsma les yn de filosofy, sosjology en tsjerkeskiednis oan it filosofysk kolleezje fan de karmeliten yn Oss.

Heechlearaar mistyk
Brandsma ûntwikkele him ta in grut kenner fan de karmelitaanske en midsiuwske-Nederlânske mystyk. Hy wie de meistifter fan it wichtichste spirituele tiidskrift Ons Geestelijke Erf. Syn bysûndere samling kopyen fan midsiuwske mystike hânskriften hat oan de basis stien fan it hjoeddeiske Titus Brandsma Ynstitút yn Nimwegen. Kearn fan syn opfetting oer mistyk wie: Alles is yn God en God is yn alles. Dêrom stiet de mystikus net los fan it deistige libben, mar hy of sy stiet der júst folslein yn. Brandsma wie sels mystikus, al hold er syn spirituele libben strang ferstoppe foar de bûtewacht. De minsken by wa’t er yn de kunde wie koene him as in from, behelpsum, fleurich en ynteger persoan. Yn 1923 waard Brandsma heechlearaar oan de yn dat jier stifte Katolike Universiteit Nimwegen, de hjoeddeiske Radboud Universiteit. Hy wie spesjalisearre yn de skiednis fan de mystyk, hy joech les yn de wiisbegearte en de ‘skiednis fan it fromwêzen’

Krewearjen foar it Frysk
Yn 1928 waard de Provinsjale Underwysrie fen Fryslân oprjochte. It doel fan de Rie wie ûnder mear it befoarderjen fan it Fryske folks- en taaleigen, it advisearjen fan de provinsjale oerheid en it kommen mei eigen inisjativen. Ien fan de Rie syn inisjativen wie it organisearjen fan simmer- en winterleargongen Frysk yn it gebou fan de Provinsjale Biblioteek. Brandsma, dy’t ûnderwilens yn 1923 heechlearaar wurden wie yn Nimwegen, kaam mei fjouwer oaren yn it Riedsbestjoer, en hy bleau deryn oant syn arrestaasje op 19 jannewaris 1942. De Provinsjale Underwiisrie, dy’t bestien hat oant 1990, krewearre ek foar it Frysk ûnderwiis op de legere skoalle. Brandsma hie goede yngongen by it ministearje fan Underwiis en it slagge om ûnderwiisminister, protestantsk teolooch Jan Rudolf Slotemaker de Bruïne (1869-1941), derfan te oertsjûgjen dat der romte foar it Frysk yn it ûnderwiis komme moast.

Ynstitút foar Fryske wittenskippen
Yn de Earste Wrâldoarloch wiene der yn de Fryske Beweging al plannen om ta in ynstitút foar Fryske wittenskippen te kommen, mar troch mieningsferskillen kaam dat doe net fierder. Yn 1931 setten Brandsma en protestantsk teolooch Geert Aeilco Wumkes (1869-1954) mei de oare leden fan de Provinsjale Underwiisrie it oprjochtsjen fan dat ynstitút op ’e nij op de wurklist. Yn 1938 slagge it út dy Rie wei om ta de oprjochting fan de Fryske Akademy oer te gean. Brandsma kaam yn 1941 yn it Akademybestjoer en op de jiergearkomste fan 1 septimber 1941 liet er mei de rede ‘Aerd fen de fryske kleasters yn de midsieuwen’ sjen dat er him ek ynhâldlik by de Akademy belutsen fielde. Lang hat Titus Brandsma him net foar de Fryske Akademy ynsette kinnen.

Ferset
Al betiid warskôge Brandsma yn wurd en skrift foar de gefaren fan it nasjonaal-sosjalisme, antysemitisme, rassehaat en opstokelderij. Hy feroardielde de anty-Joadske maatregels fan it Hitlerregear sawol foar as yn de tiid fan de besetting. Sa wie er om 1936 hinne in skoftke lid fan it troch Nederlânske gelearden en keunstners stifte Comité van Waakzaamheid tegen het nationaal-socialisme. Yn de Twadde Wrâldoarloch fersette er him tsjin it fuortheljen fan Joadske learlingen en bekearlingen fan katolike middelbere skoallen en wie er de arsjitekt fan it ferbod dat de Utertske ierdsbiskop Jan de Jong útfeardige tsjin it opnimmen fan NSB-advertinsjes yn de Roomsk-Katolike deiblêden. As lanlik adviseur fan de katolike deiblêdskriuwers kaam Brandsma yn ’e pine te sitten.

Arrestaasje en ferstjerren
As gefolch fan syn ferset waard Brandsma op 19 jannewaris 1942 troch de Gestapo arrestearre. Opsletten earst yn de ‘Oranje’-finzenis yn Skeveningen, dêrnei yn Kamp Amersfoart en de straffinzenis fan Klees bedarre er úteinlik yn it beruchte konsintraasjekamp Dachau. Under minne omstannichheden moast er twangarbeid ferrjochtsje en waard er foltere en mishannele. Hy rekke útput en waard deasiik yn it kamphospitaal opnommen. Mei in deadlike spuit makke in kampdokter op 26 july 1942, om 13.50 oere in ein oan syn libben. Neffens syn dea-oarkonde fan in dokter út it kamp stoar Brandsma oan de gefolgen fan in búkgryp.

Wûnderbaarlike genêzing
Op 3 novimber 1985 is Titus Brandsma, soan fan Fryslân en mei-oprjochter fan de Fryske Akademy, troch de Paus sillich ferklearre. Op 15 maaie 2022 is er hillich ferklearre. Om hillich te wurden moat in kandidaat earst sillich ferklearre wêze, lykas mei Titus Brandsma al yn 1985 barde. De kandidaat-hillige moat in troch in spesjale kommisje út it Fatikaan fêststeld wûnder dien hawwe. Brandsma soe soarge hawwe foar de wûnderbaarlike genêzing fan in Amerikaanske pater dy’t in ûngenêslike kanker hie.

Yn de útstjoering fan de NPO oer de hillichferklearring fan Brandsma op sneintemoarn 15 maaie, kamen Pieter Duijff en Nelleke IJssennager-van der Pluijm oan it wurd oer (ûnder mear) de Fryske Akademy as ‘kenniskleaster’.

Besjoch de registraasje dy’t Omrop Fryslân makke fan de hillichferklearring fan Brandsma.

Boarnen: Omrop Fryslân, Wikipedy, Fryske Akademy

maaie 16, 2022 18:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.