Henk Wolf: Oer de learberheid fan it Frysk

maaie 17, 2022 15:20

Kollum

It Frysk is in taal. Talen kin men leare. Dat: men moat it Frysk ek leare kinne. Dat dy redenaasje slút as in bus, dat wist Aristoteles al. Doch hat it derfan dat de wettertichte konklúzje in soad minsken net echt oan wol. Der binne op syn minst twa tsjinoerstelde myten oer de learberheid fan it Frysk, dy’t kear op kear op kear wer de kop opstekke – en net selden wurde se ferteld mei de grutske wissichheid fan ien dy’t mient dat er wat folslein nijs op it aljemint bringt.

Myte 1: It Frysk is ûnlearber

Ien fan de myten is dat it Frysk ûnlearber wêze soe. Koartlyn wie der in Flip van Doorn, in man te Drylts, dy’t der in ynterpretaasje fan joech yn in ynstjoerd stik yn ‘e Ljouwerter. Lykas rigen foargonger-fertellers hong er syn ferhaal op oan in wurd mei in protte dialektfarianten, yn syn gefal doerebout. Van Doorn hat yn syn wurdboek 21 Fryske wurden foar sa’n ding fûn en fersuchtet: “Zelfs wie met de beste wil van de wereld en met een gezonde dosis inzet en taalvaardigheid probeert zich het Fries eigen te maken, blijft struikelen over de ongekende complexiteit ervan.”

Dat de Friezen, as se in wurd tsjinkomme dat har net eigen is, dêr wat oer sizze, wol my wol oan. Sokke petearen hear en fier ik ek geregeld. Se litte sjen dat it ferskaat yn it Frysk grut is en dat minsken graach oer har eigen taal prate. Wat se net sjen litte, is dat it Frysk in “ongekende complexiteit” hat.

Dat betsjut lykwols net dat sokken as Van Doorn ûnnoazel binne, perfoarst net. Se sjogge de wrâld allinnich út in oar ramt wei as de trochhinne Fries: it ramt fan de standerttalen. Om krekt te begripen hoe’t dat sit, moatte wy fiifhûndert jier werom yn ‘e tiid, nei de sechstjinde ieu. Doe prate elkenien yn ús stik fan Europa in minytaaltsje, dat ornearre wie foar petearen mei it eigen doarp of de eigen wyk. Prate mei lju fan in pear doarpen fierderop koe almeast wol, mar dy praten krekt wat oars – net sa bot oars, dat minsken inoar net begrepen, mar soms moasten se efkes neifreegje oft in toerebout itselde wie as in bollepyst, om mar wat te neamen. Sokke minytaaltsjes dy’t sterk liken op de minytaaltsjes fan in eintsje fierderop soenen wy no dialekt neame. As ien in taal learde, dan learde er in dialekt.

Dat feroare yn de santjinde ieu. Doe begûnen taalbouwers keunsttalen te bouwen op grûn fan in groep dialekten dy’t opinoar liken. Se dokteren der wat mei om, makken der regels foar en sa ûntstie foar it earst it idee dat jo in taal goed of ferkeard brûke koenen. Yn it Nederlânsk waard dorp goed en durp ferkeard. Vuur waard goed en vier ferkeard (foar ‘fjoer’). Groter dan waard goed en groter als ferkeard. Dat gou lykwols allinnich op skrift. De sprektaal bleau foar fierwei de measte minsken it dialekt. Wy sjogge dat heel moai yn de 19e-ieuske Rimen en teltsjes fan de bruorren Halbertsma, dêr’t inkeld bûtenlanners Standertnederlânsk prate – in oanlearde taal. De Friezen, Grinslanners en oare Nederlanners retten har skoan mei it grutte ferskaat oan doerebouten, reidsigoaren en doethoamers.

Dat feroare yn de 20e ieu, doe’t de standerdisearring fan it Nederlânsk en oare grutte lânstalen yn in nije faze kaam: de skriuwtaal waard ek de sprektaal. De reidsigoar en doethoamer, durp en vier en groter als waarden net langer as gewoane sprektaal sjoen, mar as ‘plat’ of ‘raar’ of ‘ferkeard’ – en dialekt krige foar in soad minsken ek de byklank fan ‘ferkeard’.

It Frysk hat ek in standerttaal en wykt dêrmei ôf fan bygelyks it Grinslânsk en Limburchsk, mar it sit mei syn standerdisearring yn de faze dêr’t it Nederlânsk en Dútsk en Frânsk hûndert jier lyn yn sieten: de standerttaal is der noch in skriuwtaal. Dialekt is yn it Frysk de sprektaal bleaun, alteast fan fierwei de measte Friezen. Dat is net wat nuvers, dat is net “ongekend complex”, mar it is wat foar alle talen fan de wrâld ieuwenlang de gewoane situaasje wie – en it is dat noch foar de oergrutte mearderheid fan de talen, de útsûndering binne dat hantsjefol – ik rûs minder as ien persint – dy’t it ta lânstaal skopt ha.

Dy standerdisearring fan dy grutte talen is oars ek noch net ôfrûn, mocht ien dy yndruk krije. Nederlânsktaligen dy’t appelsien hearre en sels sinaasappel sizze of oarsom om, dy sille dêr ek gauris in praatsje oer begjinne. Dy’t patat seit en friet heart, dy’t amsterdammertje seit en vaasje heart of dy’t bankkaart seit en pinpas heart – allegear sille se it ferskaat dat der noch is wolris oangripe foar in praatsje oer wat oars as it waar. Ferskaat is de gewoane situaasje, ienheid de útsûnderlike.

Myte 2: it Frysk is samar efkes te learen

De twadde myte is presys it tsjinoerstelde fan de earste. It Frysk soe neffens dy twadde myte helendal net “ongekend complex” wêze, mar men soe it jin samar efkes eigen meitsje kinne. Neffens dy myte binne in pear kursussen foldwaande om Frysk te learen. Abe de Vries (hjir) en ik (hjir) ha dêr al faker wat oer skreaun.

Folslein ûnwier is it net dat ien dy’t it Nederlânsk machtich is, navenant fluch in beskaat nivo yn it Frysk berikke kin. As wy dy behearsking fan it Nederlânsk as net útsprutsen betingst oannimme, dan is it net sa gek om derfan út te gean dat de measte minsken mei wat goeie wil nei in pear kursussen it Frysk sûnder problemen ynhâldlik goed folgje. Dat der tuorrebouten neist bollepysten, sneon neist saterdei en pannen neist boarden foarkomme, is yn de praktyk helendal net sa’n probleem.

In taal behearskje is lykwols net in kwestje fan ja of nee. As earste bestiet dat behearskjen út ferskate feardichheden: ferstean is wat oars as prate, lêze wat oars as skriuwe, in sprekbeurt hâlde wat oars as in petear fiere. Dat ien it Frysk fluch aardich folgje kin, wol net sizze dat er it ek maklik prate of skriuwe kin. Benammen foar de aktive feardichheden ‘prate’ en ‘skriuwe’ is almeast wat mear nedich as in pear kursussen.

As twadde: al dy feardichheden kin men op ferskillende nivo’s behearskje. Willem Schoorstra en ús buorfamke kinne allebeide Frysk skriuwe, mar Willem Schoorstra is der einen feardiger yn. Yn Europa wurde almeast seis nivo’s fan taalfeardichheid brûkt: A1, A2, B1, B2, C1 en C2. Om in skriuwberop útoefenje te kinnen moatte jo op syn minst C1-nivo yn it skriuwen ha, it leechste akademyske nivo. Dat nivo berikke jo samar net, it is it einnivo fan de learare-oplieding Frysk, dêr binne fjouwer jier yngeande stúdzje foar nedich.

It is lykwols wat in ferburgen probleem en dat komt op ‘e nij trochdat it Frysk net sa fier is mei syn standerdisearring as it Nederlânsk. Elkenien dy’t it Frysk brûkt, moat fan tiid ta tiid gatten stopje: dingen sizze dy’t er net earder yn it Frysk heard hat. Dat “gattestopjen” wurdt almeast dien troch in Nederlânske konstruksje wat te ferfryskjen. Almeast ha wy dat amper yn ‘e rekken, mar as ien it te faak docht, falt it fansels al op. Yn de Frysktalige nijsberjochten sjogge wy it Nederlânsk gauris troch it Frysk hinne skimerjen. De “verwarde man” út it parseberjocht wurdt ferfryske ta “betize man”, ien “hat it mentaal dreech”, in oar is “wedstriidfit” en okkerdeis kamen der “minsken fan kleur” op it kleed. Sokke dingen skriuwt ien dy’t trochkrûpt is yn it Frysk net.

Gefaar fan mytefoarming

Myten dy’t foar wier oannaam wurde, binne altiten gefaarlik, om’t se jin it sicht op ‘e werklikheid benimme. Troch de earste myte kinne minsken it Frysk sjen as in drompel dy’t foar harren te heech is, wat makket dat se it dan mar leaver gewurde litte. De twadde myte makket dat minsken gau tefreden binne en dat in healbekkich tuskentaaltsje dat net ien eigen is, foar Frysk trochgiet. Dat hellet net allinnich de status fan it Frysk as selsstannige taal ûnderút, mar it docht ek net folle foar de emansipaasje fan de Frysktaligen, foar wa’t “wedstriidfitte betize manlju fan kleur dy’t it mentaal dreech ha” neat eigens ha.

Sûnder dy myten kin men it Frysk sjen in kompleks systeem mei regels en útsûnderingen, dat mei kennis fan in besibbe taal al gau op in ridlik nivo te begripen is, mar dêr’t men allinnich nei jierren stúdzje en oefening trochkrûpt yn rekket – krekt as by oare talen.

maaie 17, 2022 15:20
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Erwin2.0 maaie 17, 19:06

    It kontrast yn dizze kollum soarget foar in dúdlik ferhaal. Ik sil dit kontrast ek brûke as de diskusje wer ris op it aljemint komt.

    Oer ien ding stroffele ik. Friezen en ‘oare’ Nederlanners. Wy binne in erkend folk, gjin Nederdútslanners of wit ik wat. Fij!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.