Henk Wolf: Helgolân rekket syn siel kwyt
Resint ferskynd

Foto: It Nijs
Fan ‘t wykein wie ik op Helgolân by it Friesen-Droapen, by myn witten de iennichste weromkommende grutte ynterfryske aktiviteit dy’t der is. It wurdt om de trije jier organisearre troch de Ynterfryske Rie mei syn trije seksjes yn Noard-Fryslân/Helgolân, East-Fryslân/Sealterlân en ús provinsje Fryslân. Lykas altyd wienen der sjongers en folksdûnsgroepen út ferskillende regio’s yn it grutte Fryske gebiet. It festival wie prachtich, mar de besite oan it eilân – dêr’t ik tsien jier net west ha – hie ek wat trysts.
Twa films
Nijsgjirrich wie diskear dat der ek twa films fertoand waarden, beide humoristyske plysjefilms dêr’t in moardner yn socht wurdt. De Noardfryske film Der Krug an der Wiedau giet oer de moard op in politikus. Syn lyk hinget oer in stek presys op de Deensk-Dútske grins. Yn Stjer út it Westerlauwerske Fryslân wurde allegear Fryske artysten fermoarde en giet it alter ego Eamel fan Hûnekop-sjonger Emiel Stoffers mei in kreas plysjefrommeske op syk nei de moardner. Yn beide films sit in soad selsspot: de Friezen binne der wat rjochtlinige, drankslije minsken dy’t har amper en mei lijen fan ‘e lânstaal betsjinje, de Dútsers en Hollanners binne wat gruzige typen dy’t neat fan de minderheidstaal begripe, mar úteinlik net sa beroerd binne as se earst wol liken. Dat der yn beide films in protte Frysk (Noard- of Westerlauwersk) praat wurdt, is ek in opfallende oerienkomst. In dúdlik ferskil wie der yn ‘e ûntfangst: Der Krug an der Wiedau foel der by it publyk op Helgolân goed yn, mar de wat rûgere humor fan de Wâldfriezen yn Stjer koe net elkenien bekoare en oan ‘e ein fan ‘e film wie it measte publyk al fuort. Skande, want ik ha my by Stjer de bûsen útskuord.

Foto: It Nijs

Foto: It Nijs
Myn rol as oanswingelder
Ik wie op Helgolân om in ynterfryske kwis te presintearjen. Dat wurke foar wûnder, de sfear wie goed, elk die wakker mei en úteinlik ha twa lytse famkes (mei wat help fan pake en beppe) de kwis wûn. De kwis stiet ûnder dit artikel, dan kin elk sjen hoefolle fragen oft er korrekt beantwurdzje kin.
Omdat twa minsken der net by wêze koenen, hat de organisaasje my frege oft ik ynspringe woe yn in politike poadiumsdiskusje. Dat woe ik wol en ik ha de gelegenheid brûkt om de oanwêzige politisy derta op te roppen stipe út te sprekken foar emansipaasje as doel fan it Fryske taalbelied, dus net taalbehâld of kultuersoarch, want dy hâlde it Frysk yn in beheind hoekje, wylst emansipaasje makket dat wa’t achtersteld wurdt – de Fryskpraters – foarrang krije oant se op itselde nivo komme as de oaren. Ik krige in aldernuverste reaksje fan de boargemaster fan Helgolân – nuver, net omdat er nij wie, mar omdat ik net tocht hie dat in politikus anno 2022 sawat ûnnoazels sizze soe. De man ferwiisde nei it grutte tal nasjonaliteiten op Helgolân en sei dat der ien mienskiplike taal nedich wie om al dy minsken byinoar te bringen. Dêr bedoelde er net it Helgolanner Frysk mei. Hoe’t er dat krekt sjocht yn relaasje ta it assimilaasjeferbod yn it Europeeske Ramtferdrach foar de beskerming fan nasjonale minderheden of it rjocht fan Friezen op ûnderwiis en oerheid yn eigen taal yn it Hânfêst foar regionale of minderheidstalen, begryp ik net. Tsjin Omrop Fryslân hie de man in dei earder al sein dat er ferwachte dat it Helgolanner Frysk útstjerre soe. Gjin niget, fansels, as de heechste politikus op it eilân it doch al sterke Dútsk mei sin foarlûkt.
Wittenskip en dûns
Tige nijsgjirrich wie de rige koarte lêzingen fan Fryske wittenskippers. Sawol it Nordfriisk Instituut as de Fryske Akademy hat in frij nije direkteur en dy hâlde har beide dwaande mei de Fryslannen yn ‘e midsieuwen. Dêr koenen se wakkere moai oer fertelle. Beide binne it ek jonge en iepen minsken, dy’t graach mei oaren oparbeidzje wolle. It praatsje fan Franziska Böhmer fan it Nordfriisk Instituut oer de ynterpretaasje fan it gedicht Ströntistel fan Jens Emil Mungaard fassinearre my: se liet sjen dat by it printsjen fan it gedicht in letter fuortfallen is en dat it gedicht dêrtroch nei alle gedachten altyd ferkeard begrepen is.
Alle regio’s hienen in folksdûnsgroep meinaam nei Helgolân ta, dat is tradysje. Ik wie mei de Sealterfryske groep opreizge, ferskriklik aardige minsken allegear. It wie de iennichste groep mei likefolle manlju as froulju, yn de oare regio’s hâlde de froulju de tradysje oerein. De Noardfriezen ha noch wol jongelju, dat is yn de rest fan it gebiet wer dreech. Njonken de tradisjoneel dielnimmende regio’s hienen ek de regio West-Fryslân yn Noard-Hollân en Dithmarschen (súdlik fan Noard-Fryslân) fertsjintwurdigers stjoerd. Mei de West-Friezen haw ik noch in skoftsje praat: se wienen goed op ‘e hichte mei wat der yn de provinsje Fryslân allegear spilet en koenen ek moai krekt de Fryske grammatikale eigenskippen, lykas de twa ynfinitiven, oanwize yn it dialekt fan de streek. De grammatika fan Pannekeet hienen se ek lêzen. Dat net-taalkundigen sa goed beslein op it iis komme, makket men net alle dagen mei.
De moderne tiid
Ik ha de gelegenheid noch brûkt om de Noard-Dútske omrop NDR derta op te roppen in programma yn it Sealterfrysk te betinken. Dy hat de opdracht krigen om de minderheidstalen út Noard-Dútslân mear te brûken. Der binne no nije programma’s plend yn de talen Deensk, Noard-Frysk en Platdútsk, mar noch net yn it Sealterfrysk. Dat is fansels skande.
En dan in tryst eintsjebeslút: in wike op de reade rots yn ‘e Noardsee is altyd prachtich, no ek wer, mar sa prachtich as in fearnsieu lyn, doe’t ik der foar it earst kaam, is it net mear. De eigen taal wurdt net mear op skoalle jûn, trochdat safolle huzen ferhierd wurde oan toeristen is der gjin wenplak mear foar de eigen jeugd, de lêste stikjes frije romte wurde folboud mei rare nijbou en yn de hoareka wurde jo net langer troch Helgolanners betsjinne, mar hast inkeld mar troch East-Europeeske seizoensarbeiders dy’t neat fan it eilân witte. It eilân is in toeristysk spektakel fan en foar frjemdlingen, dêr’t it eigene allinnich as folkloare bestean bliuwt en dêr’t foar Friezen, foar it Frysk en foar in bytsje romte gjin plak mear is.
Helgolân is syn siel oan it kwytreitsjen. En de polityk docht der neat oan.
Nijsgjirrige skôging, Henk. Myn yndruk gyng aardich deselde kant út. Ik fûn it eins efter de fleurige bylden, dochs wat desolaat allegearre. Ik haw der foar de earste kear west yn 1983 (kin ek 1986 wêze) en sûnt elke trije jier wer. Ien lyts (mar net ûnwichtich) dinkje om dit te illustrearjen: ik haw it eilân noch kend mei in echte boekhannel. De boekhanneler koe my nei twa kear in besite oan syn winkel werom, en by namme. Hy hie moaie spesjale boeken oer de Hilgelanner skiednis. Mar nettjinsteande dizze wat deprimearjende opmerking fyn ik dat wy it Friesentreffen dochs yn stân hâlde moatte. Want elke kear as ik oan board dy rots wer stadich omheechkommen sjoch yn de Noardsee, tink ik (krektlyk as by besites oan Grinslân en Noard-Hollân): ‘Ek dit is Fryslân’.
Moaie sfearympresje! Ik ha der noch nea by west. It die my altyd wat folkloristysk oan. Skande dat it polityk sa min giet op Fositelân.