Henk Wolf: Grutter as my/ik

maaie 4, 2022 13:15

Skôging

Jan Breimer en Ed Knotter briefkje op ‘t heden op dizze website oer de Fryske taal. Se skriuwe alle kearen nijsgjirrige stikjes en ik lês dy mei in soad wille. Yn de alfde bydrage is Ed oan bar. Hy lit syn gedachten oer de Fryske bynwurden weidzje en slút it stik ôf mei de fraach hoe’t it kin dat yn it Frysk neist ‘Sy is âlder as ik’ (mei de subjektfoarm ik) ek ‘Sy is âlder as my’ (mei de objektfoarm my) brûkt wurdt. Om’t Ed de fraach mei safolle wurden oan elk stelt dy’t der wat ferstannichs op antwurdzje kin, doch ik hjirby myn duit yn it ponkje.

De skiednis

Ingelske ynfloed spilet yn dizze kwestje net in rol. It is wol sa dat it Ingelsk beide foarmen fan it persoanlik foarnamwurd brûkt (‘older than me/I’), mei in stylferskil. Sjoch bygelyks dizze webside foar ynformaasje dêroer. De kwestje is ek wol âld yn it Ingelsk, mar ek wer net sa âld as it mienskiplike ferline fan Frysk en Ingelsk. Dat lêste moatte wy benammen yn de iere midsieuwen sykje, wylst neffens de taalkundigen fan wurdboekmakker Merriam Webster konstruksjes lykas ‘older than me’ yn de 16e ieu yn it Ingelsk de kop opstutsen. Doe wie Fryslân kultureel al aardich yn it opkommende Nederlân ferankere en wie de ynfloed fan it Nederlânsk yn Fryslân stikken grutter as de ynfloed fan it Ingelsk. Boppedat liket it gebrûk fan de objektfoarm yn ferlikingskonstruksjes yn it Nederlânsk en Frysk in stik nijer te wêzen as yn it Ingelsk: gefallen fan it type ‘ouder dan mij’ en ‘âlder as my’ ferskine yn dy twa talen sawat tagelyk oan it begjin fan de tweintichste ieu, in tiid dat der fan Ingelske ynfloed op Frysk en Nederlânsk amper sprake wie.

De grammatikale analyze

Fanâlds binne wurden lykas it Fryske ‘as’, it Hollânske ‘dan’ en it Ingelske ‘than’ ûnderskikkende bynwurden. Dat wol sizze dat se in soarte fan plakstrypke binne om in bysin yn in oare sin te plakken. Yn it gefal dat Ed oanhellet, is dy ynplakte bysin in saneamde ‘bysin fan ferliking’.

Soe men yn Ed syn foarbyld dy bysin folslein útskriuwe, dan soe men de folgjende sin krije: “Sy is âlder as ik âld bin”. De bysin fan ferliking is dêryn ‘ik âld bin’, mei ‘ik’ as ûnderwerp en ‘âld bin’ as namwurdlik stelde.

Hast net in minske soe sa’n sin lykwols ta de mûle út krije kinne en dat hat ferskate oarsaken. Wat grif it hurdste tsjin ús taalgefoel yn giet, is it brûken fan it namwurdlik diel fan it stelde: ‘âld’. As wy dat skrasse, wurdt de sin al in stik gewoaner: “Sy is âlder as ik bin”. Mei in ûnderwerp (‘ik’) en in persoansfoarm (‘bin’) is it stikje ‘ik bin’ noch dúdlik in sin en dat makket dat men it foarôfgeande ‘as’ wol as bynwurd beneame moat.

Doch sil dy sin in protte Frysktaligen ek net noflik oanhearre. Se sille der in wurdsje ‘dat’ yn ha wolle: “Sy is âlder as dat ik bin”. Dat wurdsje ‘dat’ is sûnder mis in bynwurd. En dat bringt dan fansels de fraach op it kleed wat ‘as’ yn dy sin dan is.

Unbewust ha Frysktaligen dat wurdsje ‘as’ blykber as wat oars ynterpretearre dan as in bynwurd. In foar de hân lizzende kandidaat-wurdsoarte is it ferhâldingswurd. Ommers: it Frysk tilt op fan kombinaasjes fan in ferhâldingswurd mei in bynwurd: ‘foar’t’, ‘neidat’, ‘omdat’, ‘mei’t’.

In twadde oanwizing dêrfoar is dat men ynstee fan ‘as’ hjoed de dei wol ferhâldingswurdgroepen tsjinkomt: wurdgroepen dy’t as ferhâldingswurd funksjonearje. Botte moai fyn ik se net, mar men heart wittefaak ‘Dat is better yn fergeliking mei foarhinne’ en sokke saken mear. Yn de taalkunde jildt it adagio: as jo in wurd troch in oar wurd ferfange kinne, moatte se allebeide deselde wurdsoarte ha, dus as ‘yn fergeliking mei’ in ferhâldingswurd(kloft) is, moat ‘as’ yn ‘better as foarhinne’ ek wol in ferhâldingswurd wêze.

As ‘as’ nei in meartrime in ferhâldingswurd is, dan ferwachtsje jo dat nei dat wurd de objektfoarm fan persoanlike foarnamwurden brûkt wurdt ynstee fan de subjektfoarm. Men seit ommers ek net ‘Se hâldt fan hy’, mar ‘Se hâldt fan him’. En men seit ek net ‘Hy is grutter yn ferliking mei sy’, mar ‘Hy is grutter yn ferliking mei har’. Dat men ‘Sy is âlder as him’ seit, is der dan ek nochris in sterke oanwizing foar dat ‘as’ nei in meartrime de oerstap makke hat fan de kategory bynwurden nei de kategory ferhâldingswurden. De al neamde taalkundigen fan Merriam-Webster jouwe foar it Ingelsk dyselde analyze en de Nederlandse Taalunie docht dat ek foar it Nederlânsk.

De noarm

Dat in bynwurd in ferhâldingswurd wurdt, is net beheind ta Frysk en Ingelsk. Yn streektalen rûnom yn Nederlân en ek yn omgongstalich Nederlânsk wikselje nei wurden lykas ‘als’, ‘dan’ en ‘wie’ de subjektfoarm en de objektfoarm fan persoanlike foarnamwurden inoar ôf. Foar it Standertnederlânsk bestiet wol in regel dy’t de objektfoarm yn sokke gefallen ferbiedt. It liket derop as hawwe Nederlânske noarmmakkers in lytse hûndert jier lyn de fernijing yn ‘e ban dien, wylst Fryske noarmmakkers dy krekt oan it hert treaun ha, mooglik út reden fan distansjearring.

maaie 4, 2022 13:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.